Achter de traaljes
Oanlieding foar de aksje is dat twa wiken lyn yn Spanje besletten is dat 9 Katalaanske politisy elk tusken de 9 en 13 jier achter de traaljes gean. En dat fanwege it organisearjen fan in referindum 2 jier lyn of it tastean fan in debat dêroer. De Steatefraksje fan de FNP fynt it freeslik dat kollega's, nota bene yn de EU, opsluten wurde fanwege it útfieren fan harren rol as folksfertsjintwurdiger.
Demokratysk rjocht
Sybren Posthumus, Steatelid foar de FNP: ‘It mei net sa wêze dat it útoefenjen fan it demokratysk rjocht op selsbeskikking útrint op swiere finzenisstraffen. It organisearjen fan in referindum en minsken stimme litte kin net in misdied wêze yn in goed funksjonearjende demokrasy. Yn ynternasjonale ferdraggen fan de Feriene Naasjes (UN) is yn it earste artikel fêstlein dat alle folken sels beslute kinnen oer de eigen takomst'.