Betrouwenskommisje
Kramer is no noch deputearre foar de FNP by de Provinsje Fryslân. Hy wurdt troch de betrouwenskommisje sjoen as de bêste kandidaat om tydlik boargemaster Hayo Apotheker op te folgjen. Noardeast-Fryslân krijt mei Kramer nei de weryndieling wer in kroanbeneamde boargemaster. De minister moat no noch it definitive beslút nimme, dat is meastentiids in formaliteit.
Kriich en ambysje
Kramer wie earder jurist by Fryske gemeenten, griffier en gemeentesekretaris yn Menameradiel, 8 jier fraksjefoarsitter fan de FNP-Steatefraksje en 8 jier deputearre. Hy is tige optein oer de foardracht fan Noardeast-Fryslân: ‘It is in prachtige en krachtige plattelânsgemeente mei kriich en ambysje. Om hjir as boargemaster in rol yn spylje te meien, is foar my in boppeslach.' Kramer is al tige goed bekend mei ‘Noardeast' omdat hy jierrenlang gebietsdeputearre foar de regio wie.
FNP-boargemaster
Nei earder Theunis Piersma (Wûnseradiel) en Gerben Gerbrandy (Achtkarspelen) wurdt Johannes Kramer de tredde FNP-boargemaster yn Fryslân. De ynstallaasje is neffens de gemeente nei alle gedachten op 6 jannewaris 2020. De partij is yn beried oer de opfolging fan Kramer as deputearre foar de FNP.
Klik hjir nei de berjochten fan de gemeente Noardeast-Fryslân en Omrop Fryslân