NIJS 30-09-2019
FNP wol dat de rotonde by Marsum gau ferbettere wurdt
FNP wol dúdlikheid en aksje oangeande de rotonde by Marsum-West. Dy rotonde is net berekkene op al it ferkear dat deis fan Noardwest Fryslân nei de Heak om Ljouwert en werom rydt. Nei de iepening fan de Middelseewei (N398) is it op de Westergoawei (N383) in stik drokker wurden. Dit laat ta ferkearsopstoppings en gefaarlike situaasjes, ek foar fytsers dy’t hjir oerstekke moatte. Om dat te ferhelpen soe yn 2019 de rotonde oanpast wurde en soe der in fytstunnel komme.
"Rotonde no oanpakke" (Sijbe Knol)
Jild al
reserveare
Op de provinsjale begrutting foar 2019 stiet dat
de besteande rotonde Marsum-West oanpast wurdt om de trochstreaming te
ferbetterjen en dat nei ferwachting yn 2019 al in fytstunnel realisearre wurde
soe om reden fan de ferkearsfeilichheid. Dêrfoar wie in bedrach fan 770.000 euro
begrutte, ynklusyf in bydrage fan 150.000 euro yn 2017 fan it eardere
Menameradiel, no gemeente Waadhoeke.
Gefaarlike situaasjes
Yn 2013
is de Middelseewei offisjeel iepene. Dit soarget foar folle mear ferkear op de
Westergoawei. Wurdfierder Sijbe Knol: ‘Moarns stiet it ferkear by Bitgum al
stil en middeis stean de auto's al fier foar de ôfrit op de Heak stil. Boppedat
is it foar fytsers hast net te dwaan om oer te stekken.
Wannear aksje?
De rotonde leit der op it stuit lykwols noch krekt
sa by leit as in pear jier lyn. De fraksje fan de FNP wol witte wat no de stân
fan saken is oangeande de taseine ferbetteringen oan de rotonde fan Marsum.
Knol: ‘Der is jild foar begrutte, elkenien is it der oer iens dat der wat barre
moat, mar de skep is noch net de grûn yn. Wêrom eins net? En op hokker termyn
kinne wy aksje ferwachtsje?'
Downloads:
FNP skriftlike fragen rotonde marsum
Antwoordbrief op skriftlike fragen FNP rotonde marsum
Update n.o.f. antwurdbrief op skriflike fragen FNP rotonde marsum
Tags:
Ferfier yn Fryslan,
Thus yn Fryslan
MEAR OER DIT ÛNDERWERP