NIJS   24-06-2015


FNP moasje: dochs tunnel Hollandiastrjitte

Oanpak nij Knooppunt Joure

Klaas Fokkinga 2015 lyts   

Oplossing Knooppunt Joure hat unanime foarkar lokale mienskip.

 

Troch in FNP moasje yn Provinsjale Steaten en in begruttingswiziging troch de ried fan de gemeente De Fryske Marren op 24 juny komt der no dochs in tunnel ûnder de nije A7 yn de Hollandiastrjitte by De Jouwer. De gemeente en de provinsje Fryslân diele de mearkosten fan 4,5 ton.

 

Klaas Fokkinga, wurdfierder Ferkear en Ferfier

Reaksje? Mail k.fokkingafryslan.frl 

  

FNP Wurdfierder Klaas Fokkinga yn de Steaten wiist der op dat in tunnel by it nije Knooppunt Joure fan begjin ôf de foarkar hie. ‘Der wie lykwols te min jild. Troch 4,6 miljoen út de provinsjale RSP (Suderseeline) middels komt der no ekstra finansjele dekking beskikber. Mei de bydrage fan de gemeente der by wurdt de tunnel no meinommen yn de oanbesteging dy't op dit stuit rint. Earne yn july moat de gunning ynklusyf tunnel plakfine.'

 

De oplossing mei in tunnel hat grutte foardielen. ‘In feilige en noflike oerstek foar fytsers en skoalbern, minder lûdsoerlêst foar de omwenjenden en in folle bettere lânskiplike ynpassing. De lokale mienskip en oare belanghawwenden hiene al earder unanym de foarkar útsprutsen foar in tunnel. Der is ek in breed draachflak foar yn de polityk, dat wy kinne fan in hiel moai resultaat sprekke. Wy hoopje no dat it wurk neffens plan foar 2018 klear is.'



Downloads:
FNP moasje tunnel hollandiastrjitte


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer