NIJS   25-09-2019


Tydlike húsfesting seizoenarbeiders yn provinsjale Omjouwingsfisy

De FNP hat mei twa grutte tekst wizigingen de provinsjale Untwerp-Omjouwingsfisy oanpast op it mêd fan de wentebou. Der komt romte foar de húsfesting fan seizoenarbeiders en nijbou krijt aanst by foarkar in plak binnen de besteande beboude kommen. De amendeminten fan wurdfierder Sijbe Knol krigen yn de Steaten romme stipe.

"Mear romte foar wenjen op doarpen" (Sijbe Knol)

Positive grûnhâlding

Yn in earste amendemint pleite de FNP foar in positive grûnhâlding ten oansjen fan goede húsfesting foar seizoenwurkers. It ûnderwerp spilet yn ferskate Fryske gemeenten lykas Waadhoeke, Ljouwert en It Hearrenfean. Sijbe Knol: ‘Wy wolle romte foar passende húsfesting foar dizze groep yn it bûtengebiet of op it terrein fan de wurkjouwer sels. De provinsje sil dan soepeler omgean mei fersiken foar werbestimming fan bygelyks frijkommende pleatsen en oare bedriuwsgebouwen, of bygelyks it pleatsen fan tydlike wenunits by kassekompleksen dêr't in soad arbeidsmigranten wurkje.'

 

Ynwreiding foar útwreiding

Mei in twadde amendemint frege de FNP om ‘ynwreiding foar útwreiding' by nijbou. Gemeenten krije de frije hân om binnen de besteande beboude kommen te bouwen. Dit opbetingst dat der regionale ôfspraken makke wurde dy't mear balâns bringe tusken ferlet en oanbod fan wenningen. Knol wol dat hjirmei it aksint ferskoot fan grutte nijbouwiken ‘yn de greide' nei ûntwikkeling binnen de besteande doarpen en stêden. ‘Wy wolle de leefberens behâlde foar jongerein en âlderein om yn har eigen sosjale omjouwing in passende wenning te finen. Der sil mear boud wurde neffens ferlet, mear mei kwaliteit as kwantiteit. Tink ek oan it takomstbestindich meitsjen fan de besteande wenningfoarried.'



Tags: Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer