Wurdfierder Lanlik Gebiet, Natuer en Lânbou Wopke Veenstra: ‘Der binne by de steuring minsken oer de autodyk, troch it akwadukt yn de Sintrale As fytst, dat wie libbensgefaarlik.' De FNP wol fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten witte wat der oan dien wurdt om sokke situaasjes yn de takomst foar te kommen.
Feilichheid fan op ôfstân betsjinbere brêgen
Wopke Veenstra:
‘By de oerdracht fan it Prinses Margrietkanaal nei Rykswettersteat waard tasein
dat der in evaluaasje komme soe oer de betsjinning. Neffens ús hat dy nea plak
fûn, mar mei it each op de problemen fan dizze simmer liket it ús needsaaklik
dat dy evaluaasje no sa gau mooglik komt.' De FNP wiist
dêrnjonken op in rapport fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid oer op ôfstân
betsjinbere brêgen yn Nederlân. De FNP fraksje hat noed oer de feilichheid en
wol fan it Kolleezje witte oft de knyppunten dy't yn it rapport neamd wurde ek
foar brêgen yn Fryslân jilde.
Foto: De Vries Media