Gemeenten en provinsjes
In hiel soad gemeenten sitte yn swier waar troch de desintralisaasje fan it Sosjaal domein (Jeugdsoarch, WMO ensfh) en wurde dêr troch it Ryk lang net foldwaande foar kompinsearre. Sterker noch, der is in netto-ferleging fan it Gemeentefûns en dêrtroch stiet it wetter de gemeenten oan de lippen! Tagelyk krije desintrale oerheden lykas gemeenten, wetterskippen en provinsjes hieltyd mear regels en wetten troch polityk-Den Haach dêr't se oan foldwaan moatte. In gefolch is bygelyks dat gemeenten swimbaden, bibleteken en doarpshuzen net mear betelje kinne. Ynwenners fan Fryslân wurde dêr hurd en streekrjocht troch rekke. De FNP wol dat gemeenten en provinsjes fetsoenlike bydragen krije fan it Ryk om harren taken dwaan te kinnen.
Leefberens ûnder druk
De FNP slút him oan by de wurden fan it ferbân fan plattelânsgemeenten (P10) dat de leefberens yn de regio flink ûnder druk stiet troch besunigings. Foarsjennings driigje te sluten, der is maatwurk nedich om inisjativen op it plattelân te stypjen.
Ynvestearringsfûns
De FNP is op himsels posityf oer it idee fan in ynvestearringsfûns fan € 50 miljard foar ynfrastruktuer en ynnovaasje. Lykwols de earste berjochten binne dat dat benammen ynsetten wurde sil yn de Rânestêd en dat kin de bedoeling net wêze. Der binne ek yn Fryslân genôch projekten, tink oan it oplossen fan it knipepunt by de Skarsterrien en in tunnel foar treinen ûnder it Van Harinxmakanaal troch. Dêrom soe it goed wêze dat it jild nei rato ferdield wurdt nei de provinsjes. Fierder is in fûns jild foar ien kear en der is foar guon saken, lykas Wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert, krekt struktureel jild nedich foar de lange termyn.