Ferlet fan ynformaasje
Wurdfierder Lanlik Gebiet, Natuer en Lânbou Wopke Veenstra stelt skriftlike fragen oan deputearre Johannes Kramer. De FNP fynt it wichtich dat der gau in oplossing fûn wurdt wêryn't de beskerming fan de Fryske natuer en de ûntwikkeling fan de Fryske ekonomy yn balâns brocht wurde. Wy wolle dat de Fryske mienskip holpen wurdt mei de nije regels en freegje dêrom dat de provinsje in ynformaasjepunt ynstelt oer de nije oanpak fan de stikstofproblematyk.
Lanlike advyskommisje
Op 29 maaie 2019 hat de Ried fan Steat besletten dat de Programmatische Aanpak Stikstof (PAS) net mear brûkt wurde mei foar aktiviteiten dy't stikstof produsearje en dat fergunningen nedich binne foar it weidzjen fan fee en it bedongjen fan it lân. Minister Schouten fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit hat yn de simmer in advyskommisje ynsteld. De kommisje sil op koarte termyn advisearje oer de wize wêrop tastimming ferliend wurde kin foar ûntwikkelingen dy't stikstofdeposysje jouwe op dêrfoar gefoelige plakken. Neffens de plenning sil de advyskommisje yn it begjin fan de hjerst (twa moannen nei beneaming) mei foarstellen komme.