Feroardering
De Provinsje hat yn 2007 op inisjatyf fan de FNP in feroardering fêststeld foar de bestriding fan it Jabikskrûd. Der is ek in provinsjale Stikelferoardering. Der wiene doedestiids in soad klachten fan benammen hynstehâlders oer de fersprieding fan de skealike planten. Reden foar de polityk om yn te gripen. Wurdfierder Wopke Veenstra freget der no op'e nij nei, want de lêste evaluaasje fan de feroarderingen wie al yn 2010. Wat is der ûnderwilens bard, sa is de fraach fan de FNP.
Maatregels
Veenstra wol witte hoefolle klachten der per jier binnen komme oer Jabikskrûd en Stikels. ‘Wat docht de provinsje yn it deistige behear fan wegen en bermen noch oan de bestriding fan Jabikskrúswoartel en Stikels? Sjocht it Kolleezje op basis fan meldingen en klachten ek reden om de ‘sliepende' feroarderingen op'e nij te aktivearjen en mei ekstra maatregels te kommen?' Veenstra wol de argumintaasje fan it Kolleezje datoangeande hearre.