NIJS   20-06-2019


Koälysje stimulearret fakmanskip en ynnovaasje

Fryslân hat ferlet fan fakminsken. It nije koälysje-akkoart seit foar it earst eksplisyt wat oer faklju.

"Alle romte foar fakmanskip yn Fryslân" (Corlienke de Jong)

Fakmanskip

It nije koälysje-akkoart seit foar it earst eksplisyt wat oer faklju (side 21). In soad fernijing fynt plak op de wurkflier. Wy stypje dêrom it befoarderjen fan fakmanskip en ynnovaasje yn de maakyndustry. De provinsje stelt € 5,4 miljoen beskikber foar ûndernimmerskip.

 

Sirkulêre ekonomy

Wy ynvestearje yn sirkulêre ekonomy. Under oaren wurdt de hjoeddeistige voucherregeling foar it MKB útwreide mei de mooglikheid om kennis yn te keapjen oer duorsumheids- of sirkulariteitsfraachstikken. Foar ‘sirkulêr' komt in bedrach fan  € 2,0 miljoen, foar ús ynstitút foar wettertechnology Wetsus € 4,5 miljoen en foar tûke groei fan rekreaasje en (kultuer)toerisme € 13 miljoen.

 

FNP docht it! #2

Sjoch ek ús berjochten út de ferkiezings
1. "Fakminsken fertsjinje grutte romte" 
2. "Faklju helpe oan better imago"



Tags: Faklju, Ferkiezings

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer