NIJS 18-06-2019
Us lânskip wurdt gjin enerzjyfabryk
‘Meitsje fan ús lânskip gjin enerzjyfabryk!’ Dit wie in wichtige gjalp yn de ferkiezingskampanje fan de FNP. No’t der in provinsjaal koälysje-akkoart leit, kinne wy sizze dat ús misje slagge is. Der komme per saldo net mear grutte wynmûnen by en alhiel gjin nije wynparken.
"Us lânskip wurdt gjin enerzjyfabryk" (Johannes Kramer)
Yn it akkoart fan CDA, PvdA, VVD en FNP is ek
opnaam dat by alle beliedsbeslissings de provinsje rekken hâlde sil mei de
gefolgen foar it lânskip. In ekstra pluspunt dus.
Fansels stean wy foar in grutte
klimaatopjefte. Lykwols binne wat de duorsume enerzjy oanbelanget, de
FNP-prinsipes oerein bleaun. Te witten:
Enerzjybesparring foar alles, ûndersyk (taskforce enerzjytransysje) en in
wichtige rol foar geotermy en wetterstof yn de Fryske enerzjymiks.
Wat der besletten is oer wynmûnen:
- Der komme gjin nije wynparken by
- Der komme per saldo ek net mear hege wynmûnen by yn Fryslân
- Foar nije solitêre mûnen dy't der wol komme kinne, moatte meardere hege mûnen opromme wurde
- De nije mûnen meie net heger wurde as 100 meter (tiphichte)
- De opbringsten fan nije mûnen komme t'en goede oan de omwenjende mienskip
- Doarpsmûnen lykas dy yn Reduzum meie ferfongen wurde troch in hegere. De FNP kin dêr goed mei libje, omdat dizze mûnen drûgen wurde troch doarpsmienskippen.
- Wynmûnen oant 15 meter (mêsthichte) by boerepleatsen wurde tastien. Dit wie ús kar net, mar om't wy ôftwongen hawwe dat it tal solitêre wynmûnen flink werombrocht wurde sil hawwe wy dit, mei omt ek guon FNP-ôfdielings hjir gjin problemen mei hawwe, tastien. Boppedat past de skaal fan dizze mûnen better yn it lânskip.
Tags:
Enerzjy en duorsumens,
Ferkiezings,
Polityk Bestjoer
MEAR OER DIT ÛNDERWERP