NIJS   11-08-2015


Stipe foar fierljeppen jeugd

Fraach om spesjale ljepskânsen

Corlienke de Jong 2015 lyts   

De FNP bepleitet mear provinsjale stipe foar it jeugdfierljeppen. De partij wol foldwaan oan it ferlet by it Frysk Ljeppersboun (FLB) fan spesjale akkommodaasjes foar de jeugd. Dat docht bliken út skriftlike fragen fan de FNP-Steatefraksje oan Deputearre Steaten.

 

Corlienke de Jong, FNP wurdfierder Sport

Reaksje? Mail c.dejongfryslan.frl 

Der wurdt mei de gemeenten en troch ynset fan eigen saakkundige frijwilligers fan FLB besocht om it tal fierljepskânsen foar de jeugd út te wreidzjen. FNP-wurdfierder Corlienke de Jong wol witte wat de mooglikheden binne foar in bydrage út de besteande provinsjale regelingen. Se tinkt dêrby net allinnich oan de provinsjale Sportnota mar ek oan it nije Iepen Mienskipsfûns.

 

De Jong: ‘It fierljeppen is ien fan de Fryske sporten dy't út besteand provinsjaal belied wei stipe fan de Provinsje krije. It hat te krijen mei Frysk eigene en ynternasjonale profilearring (lykas mei it keatsen) mar seker ek mei breedtesport, talintûntwikkeling en it stribjen fan it nije koalysjebelied: ‘mei elkenien, foar elkenien. Allinnich troch de jeugd ek fêst te hâlden kinne wy yn 2017 in groei fan 10% berikke.'

 

Ut kontakt fan de FNP-fraksje mei it FLB docht fierder bliken dat der troch nije EU-regels behinderingen ûntsteane om nei 1 jan 2016 noch mei de saneamde polzewein op de iepenbiere wei te riden. Lokale ferieningen soene dêrtroch twongen wurde om sels in tal djoere polzen oan te skaffen dy't hja no noch op effisjinte wize liene fan it FLB. De FNP freget oft dêr wat oan dien wurde kin mei ûntheffingen sa't dy besteane foar transport mei ekstra lange oanhingers.



Downloads:
Skriftlike fragen fierljeppen jeugd
Antwurd op FNP fragen fierljeppen jeugd


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer