Spesjalisaasje
Oanlieding foar de fragen fan FNP-wurdfierder Corlienke de Jong is it pleit fan strafrjochtadvokaat Van der Goot foar de Franeker Academie okkerdeis. Hy sjocht hieltyd faker saken mei Frysktalige fertochten en/of tsjûgen dy't fanwege it ûnderwerp trochferwiisd wurde nei spesjalisearre rjochtbanken bûten Fryslân. De Jong: ‘Op dy wize wurdt it rjocht op Frysk praten hieltyd mear in papieren tiger. De wetjouwer hat sa't it liket by it fêststellen fan de Wet Gebrûk Fryske Taal it effekt fan dy spesjalisaasje fan rjochtbanken op de posysje fan it Frysk net foarsjoen.'
Justysjestêd
De FNP is fan betinken dat rjochtsaken dy't har yn Fryslân ôfspylje of dêr't meast ynwenners fan Fryslân by belutsen binne, yn it foarste plak yn Ljouwert behannele wurde moatte. De tendins fan spesjalisaasje yn it rjocht docht sa slûpenderwiis ek ûnderstek oan de posysje fan Ljouwert as folweardige justysjestêd, sa fynt De Jong. ‘It behâld fan ‘Ljouwert' is earder tasein. Fansels kin it ôfdwaan fan Frysktalige rjochtsaken hjir ek oan bydrage. Wy wolle witte hokker prikken de provinsje yn it wurk hat om te wurkjen oan dit doel.'