NIJS   15-05-2019


Fraachtekens by ferkeap provinsjaal terrein hûneklup De Tynje

De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oer de ferkeap fan it oefenterrein fan twa hûnesportklups op 'e Tynje. It giet om grûn fan de provinsje dy't fersmoarge wêze soe. De FNP wol witte oft de provinsje de grûn samar as lânbougrûn ferkeapje kin. En wat docht it Kolleezje fan DS om de ferienings as langjierrich gebrûkers temjitte te kommen?

"‘Kin de provinsje smoarge grûn sa mar ferkeapje?’" (Sijbe Knol)

Petysje

Op 8 maaie 2019 hawwe de hûnesportferienings ‘De Doordouwers' op 'e Tynje en ‘De Vluchtsprong' fan Jobbegea in petysje stjoerd oan Provinsjale Steaten. It giet oer de foarnommen ferkeap fan harren oefenterrein troch de provinsje. Neffens sizzen meitsje de ferienings al 24 jier gebrûk fan dit lân. It giet om in earder slibdepot oan de Hanebuert op 'e Tynje. De grûn soe fersmoarge wêze en troch de provinsje as lânbougrûn oanbean wurde neffens de ferienings. By de foarnommen ferkeap soene it oefenterrein en de oanwêzige opstallen ferdwine moatte.  

 

Ontheemd

De provinsje is op it stuit dwaande mei in operaasje om ‘ûneigentlik gebrûk' fan stikken provinsjale grûn op wâlkanten tsjin te gean. De FNP wol witte oft de kasus mei de hûneklups hjir in ûnderdiel fan is. As der mear maatskiplike organisaasjes hjirtroch yn de knipe komme soene om 't hja ‘ontheemd' wurde, wol de FNP graach in oersjoch.

 

Taheakke de fragen. 



Downloads:
FNP skriftlike fragen ferkeap provinsjaal terrein hûneklup de tynje
Antwurd op skriftlike fragen ferkeap provinsjaal terrein hûneklup de tynje


Tags: Polityk Bestjoer, Sport, Thus yn Fryslan, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer