NIJS   09-05-2019


Europeeske ferkiezings en de FNP

Fan 23 oant en mei 26 maaie (yn Nederlân op de 23e) binne de Europeeske ferkiezings. By de FNP komme lykas alle kearen by dy ferkiezings in soad fragen binnen wêr’t minsken op stimme moatte. Want de FNP docht sels net mei. Want binne der wol alternativen?

"De FNP jout gjin stimadvys" (Sybren Posthumus )

De reden dat de FNP net meidocht is dat de kâns hiel lyts is dat de FNP in sit bemachtigje sil. Dan soenen ommers hast alle Friezen (jo binne gau 200.000 stimmen nedich foar 1 sit) op de FNP stimme moatte, en faaks ek noch in soad fan bûten Fryslân. En de EFA (European Free Alliance) dan, de Europarlemintspartij dêr't de FNP by oansletten is? Kinne de Friezen dêr dan ek net op stimme? It antwurd is ek nee, omdat de Europeeske ferkiezings noch altyd steatsnasjonaal organisearre binne. In ynwenner út Ljouwert kin dus net op ien út Litouwen stimmen, in Burgumer net op in kandidaat út Barselona en in Skylger net op in politikus fan Skye (Skotlân). En dat is fansels ôfgryslik spitich, want as de ynwenners fan alle regio's lykas Fryslân, Wales, Bretanje ensfh. de krêften bondelje soenen, dan soenen leafst 50 miljoen minsken op de EFA stimme kinne. Dan soe in Europeeske ‘machtsfaktor' (om sa'n wurd mar te brûken) fan komsa yn it Europeesk parlemint ta stân komme kinne. De FNP en ek de EFA hawwe mear as ien kear alle war dien om dat te feroarjen, mar de sittende sintralistyske machtspartijen hawwe dêr gjin belang by. Dat kin ommers ten koste gean fan harren posysje.

 

Oer de grinzen 

Stimme oer de grinzen hinne, echt Europeesk dus, slagget dus net en op de EFA stimme kin ek net omdat yn Nederlân sawat allinnich mar de Haachske partijen meidogge. Wy riede de stimmers en sympatisanten fan de FNP oan om sels in goede ôfwaging te meitsjen, bygelyks fia de stimwizer,  www.stemwijzer.nl . Op hokker partij se stimme wolle, of om eventueel hielendal net te stimmen. In soad FNP'ers fiele der ommers neat foar om op in partij te stimmen dy't tsjin de belangen fan Fryslân yn giet.

Yn it parlemint hat de EFA in technyske gearwurking mei de Greens. Dat wol sizze, beide partijen foarmje ien groep, mar de EFA is by stimmings folslein frij en hat syn eigen partij-aktiviteiten en meiwurkers. Yn it Europeesk parlemint is dy groep de fjirde yn grutte en dêrom geregeld fan belang om in mearderheid te foarmjen.

 

Stimadvys

De FNP jout syn leden en sympatisanten gjin stimadvys, dêr is elkenien frij yn. De FNP bliuwt in ûnôfhinklike partij dy't him net foar it karke fan hokker partij of beweging spanne lit. De bêste wize om de Fryske saken yn Brussel te behertigjen is it kontakt mei en de ynspannings fan de EFA sels, dêr't de FNP al mear as 35 jier in ferbining mei hat. De ôfrûne jierren is der skrept foar Tryater, foar de Omrop, foar eigen sizzenskip oer romtlike oardering en mynbou, it lânboubelied, foar feilige kontenerskippen en gean sa mar troch. Sa bouwe wy Europa op út de minsken en de folken wei en net technokratysk fan boppen ôf. Op www.e-f-a.org/2019-manifesto-european-free-alliance is it ferkiezingsprogram fan de EFA te lêzen.

 

As jo fragen hawwe nei oanlieding fan dit stik kinne jo kontakt opnimme mei Olrik Bouma (bestjoerslid EFA) of mei ûnderskreaune  (wurdfierder Europa yn de Steatefraksje).

 

Sybren Posthumus 



Tags: Europa, Ferkiezings, Polityk Bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer