Bêste minsken,
Hjirby in berjocht fan de Steatefraksje oangeande de foarming fan in nije koalysje foar Fryslân. Us ynstek wie om sjoen de getalsmjittige en ynhâldlike ferhâldingen in koalysje te besykjen fan FNP, CDA, VVD en PvdA. Dat is slagge en mei dizze kombinaasje begjint no de formaasje. Dat wol sizze: dizze partijen hawwe it betrouwen yn inoar dat hja úteinlik ta in foldroegen en foar elts akseptabel akkoard komme kinne.
De reden foar ús foarkar is dat wy it as FNP net ferstannich fûnen om mei Forum voor Democratie in koalysje te foarmjen. Ynhâldlik leine der faaks op it med fan wynmûnen oerienkomsten, mar beswieren wiene der ek. Bygelyks de klam op in sterk Den Haag yn tsjinstelling ta in sterke provinsje. Wy hawwe dêrom Forum wol tige serieus naam en twa kear mei harren praat. Mar it iis tusken ús wie te tin om in eventuele koalysje drage te kinnen.
Dan bleau eins inkeld mar de PvdA oer, wêrmei’t in koalysje te foarmjen is. De talsmjittige basis hjirfoar is smel, mar wol te dwaan. Wichtich is ek om fanút it midden wei Fryslân te bestjoeren, sa dat de mienskip der ek better op oanslute kin.
Yn ferbannen mei oare, lytsere partijen moat mei mear partijen in akkoard sletten wurde en dat makket it foar ús as FNP wer lêstiger om ús eigen FNP punten meitsje te kinnen.
Dat de PvdA meidocht betsjut ek dat wy konsesjes dwaan moatte sille. Lykwols, ús útgongspunt is en bliuwt net mear fermogen oan wynmûnen derby as dat wat no mooglik is. Gjin Fryslân foar de Wyn 2.0, gjin nije wynmûneparken lykas Hiddum Hou of oare parken en parkjes.
Dêrfoar oer sil foar ús los fan it klimaat der it nedige ynsitte moatte om úteinlik ja sizze te kinnen.
Mar, wy bin der noch net! Wy sil noch in pear stevige ûnderhannelingen mei de oare trije partijen trochmeitsje moatte. It úteinlike risseltaat telt.
Wy nimme ús foar om dêr fia in spesjale gearkomste nei ús leden ta tekst en útlis oer te jaan. Foar it oare stean wy fansels no ek iepen foar jim reaksje en suggestjes.
Mei hertlike groetnis,
Johannes Kramer
Corlienke de Jong