Fersekeringen.
Fia de EFA-fraksje hie de FNP frege oft de Europeeske Kommisje in all-risk fersekering fan de reders ferplichtsje wol. In oare fraach wie oft de Kommisje de reders ek folslein ferantwurdlik meitsje wol foar alle kosten fan it oprêden. It antwurd is dat in konvenant oer de oanspraaklikheid fan reders noch net yn wurking gien is. Op de fraach oer it meibeteljen of foarsjitten fan de opromkosten giet de Kommisje hielendal net yn.
Op de fraach oft reders mooglik yn striid mei besteande ynternasjonale regels hannelje by it sjorren fan steapele kontainers, is in beheind ûndersykje nei âlde ynspeksjerapporten tasein. De Kommisje jout net oan wat hja mei de útkomsten dwaan wol, as der yndied problemen mei it sjorren fan kontainers foar it ljocht komme.
Prate mei kustgemeenten
De Kommisje jout allinnich wol oan dat hja wol prate wolle mei it oerlis fan kustgemeenten yn Europa, de KIMO. Men wol it ûnderwerp kontainerfeiligens ek ynbringe yn de Ynternasjonale Maritime Organisaasje (IMO) en by it oerlis oer plestik fersmoarging op see.
De FNP fynt de antwurden frijwat teloarstellend. ‘Brussel wol benammen in soad prate mar de neamde konkrete aksjes binne hiel meager as jo sjogge nei de maatskiplike en miljeu-ympakt fan sa'n kontainnerramp. It giet mei it miljeu en de feiligens fan ús eilannen en kustgemeenten net allinnich om saaklike belangen en saaklike oanspraaklikheid' seit FNP wurdfierder Posthumus. ‘Wy binne fan betinken dat it ek giet om in algemien belang fan de oerheden dy't opkomme moatte foar ús ynwenners. Wy hawwe yn 2010 ek al fragen steld yn Europa oer it oanbringen fan transponders op kontainers mei gefaarlike stoffen. Ek doe wie it antwurd meager. Der is noch hieltyd neat fan op'e hispel kaam.'
De fragen (taheakke) wiene út namme fan de FNP steld yn it Europeesk Parlemint troch de EFA-fraksje fan regionale partijen yn Europa.