NIJS   19-03-2019


Dêrom 20 maart FNP!

Wy ha jo stim nedich foar in antwurd op de skaalfergrutting en it systeemtinken. As FNP sizze wy: it lytse fertsjinnet grutte romte.



"Dérom op 20 maart: FNP Fryslân" (Foar Wetterskip en Provinsjale Steaten)

Wy Friezen fine dat wy op in prachtich plak wenje. Ús lânskip is it griene goud. En wy binne de lokkichste minsken fan it lân! Lit ús net fersûpe yn it ferhaal fan grut, grutter, grutst. It giet om leefberens op it plattelân, om wenjen, wurkje en wille yn Fryslân. Om de eigen taal, ús tradysjes, de romte en it libjen yn ‘it bêste lân fan ierde’.
 
 Stim 20 maart foar:
 - De stim foar Fryslân: jo lûd!
 - Foar goed wenjen, it giet ék om bouwe yn de doarpen.
 - Foar it Fryske lânskip. Om it behâld fan it oarspronklike lânskip: meitsje der gjin enerzjyfabryk fan!
 - Ék omtinken en wurk foar de bern dy’t it mei de hannen fertsjinje moatte!
-  Foar in libbene maaitiid mei fjildenfol fan blommen en greidfûgels


Dêrom 20 maart FNP!



Tags: Ferkiezings

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer