NIJS   31-08-2015


FNP: rjochtspraak Ljouwert struktureel oerein hâlde

Reaksje op plannen Rie foar de Rjochtspraak

Sybren Posthumus 2015 lyts 

 

 

 

 

 

  

 

 

 

 

 

Fryske belangen wurde opoffere oan in besuniging dêr't te maklik oer tocht wurdt.  Der moatte ek nei 2020 struktureel eigen folweardige lokaasjes foar rjochtbank en Hôf yn Ljouwert bliuwe. Dat seit de FNP yn reaksje op de besunigingsplannen fan de Ried foar de Rjochtspraak.  

       

Sybren Posthumus, wurdfierder Boarger en Mienskipssaken    

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.frl

 

 

Sawol in sluting op termyn as it noch 5 jier iepen hâlden fan rjochtbank en Hôf binne feitlik allinnich basearre op finansjele arguminten, sa stelt de Steatefraksje fan de FNP fêst. De belangen foar it personiel, de wurkgelegenheid fan de advokatekantoaren om de rjochtbank yn Ljouwert hinne en fan de Frysk sprekkende boarger binne net tsjinne mei dizze reorganisaasje. Der binne perfoarst net foldwaande garânsjes foar de takomst fan de rjochtspraak yn Ljouwert út it ‘Meerjarenplan van de rechtspraak' te heljen.

 

FNP-wurdfierder Sybren Posthumus: ‘By oare bestjoerlike opskalingen fan de oerheid docht bliken dat it jierrenlang allinnich mar mear jild kostet. De digitalisearring fan de rjochtsgong rint as ICT-projekt fan de oerheid ek fikse risiko's. Yn inoar skowen fan organisaasjes stûket faak op ferskillen yn bedriuwskultuer. Oan de top komme faak allinnich mar mear managers. Sjoch de gong fan saken mei de Nasjonale Plysje. Guon organisaasjes knippe nei in mislearre opskaling harsels wer op yn lytsere ienheden dy't better te behappen binne en dy't de minsklike mjitte werom bringe moatte.'

 

Posthumus: ‘Yn it parseberjocht fan de Rie foar de Rjochtspraak stiet klip en klear dat minsken yn de wat kompleksere saken, bygelyks yn it bestjoers- en sivile rjocht, fierder reizgje moatte. Yn de nije opset kinne tastannen lykas mei de dongsilo mei in sitting yn Almelo dus likegoed wer foarkomme.  It wurdt foar de Fryske boarger, fertochten, tsjûgen én slachtoffers allinnich mar lestiger om har rjocht te heljen. It wetlike rjocht om Frysk te sprekken foar it rjocht kin allinnich wurkje yn de praktyk as de rjochtbank én it Hôf yn Ljouwert iepen bliuwe as folweardige lokaasjes.'

 

Fierder wurdt de wurkgelegenheid yn Ljouwert fierder útklaaid omdat appèlsaken út Flevolân en Swolle net mear yn Ljouwert, mar yn Arnhim behannele wurde. Yn stee fan mear Ryksbanen foar Fryslân wurde it dus minder ! 

 

 

 



Downloads:
Rjochtspraak - foarnommen beslút 31 aug 2015


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer