1. It Fryske lânskip is wêzentlik foar ús identiteit
Beskermje en behâlde
Omtinken foar it Fryske lânskip en de natoer is ien fan de redenen dat de FNP yn 1962 oprjochte waard. Sûnt acht jier hat de FNP mei Johannes Kramer in deputearre,dy't oerIt lânskip en de lânbou giet. Fandêr dat der keazen is foar natoerynklusive lânbou om yn de mande mei de boeren it lânskip te behearen.
👉 Lês dizze bloch fan Johannes Kramer oer de takomst fan de lânbou: op termyn biologysk
👉 En dizze bloch fan Wopke Veenstra: lit it lânskip it net ferlieze fan it jild
2. Gjin sânfabryk yn de Iselmar
Gjin nije wynmûnen
Us lânskip is gjin enerzjyfabryk.Yn Gaasterlân roppe de bewenners it, ûndersiken litte it ek sjen: in sânfabryk foar de Fryske kust is in ramp foar de natoer. De FNP wol fan natoer gjin yndustry meitsje.Dêrom kiest de partij der ek foar om gjin nije wynmûnen op it lân te setten. Us ynset foar de enerzjytransysje:asbest fan de dakken sinnepanielen derop, (doarps)mûnen op see en in fierdere ûntwikkeling fan de geotermy.
👉 Lês de bloch fan Klaas Fokkinga: in realistyske transysje
3. Kultuerhistoarysk lânskip is erfguod
Der foar soargje dat sleatten,greppels en beamwâllen net ferdwine
De ôfrûne jierren is faak sûnder erch oarspronklik lânskip ferdwûn.Sleatten en greppels binne tichtsmiten,soms ek in poel.Hiele rijen beammen,ûnderdiel fan in kûlisselânskip,kapt.Meastentiids fanwege skaalfergrutting of effisjinsje foar de lânbou. Fandêr dat de FNP kiest foar natoerynklusive lânbou, mei mear wurdearring foar de boer en syn produkt. Dan mei der ek wol wat mear foar betelle wurde .Dat is wol sa earlik!
👉 De FNP oer it kûlisselânskip by Bitgum "Kear de ôftakeling"
4. Fan fan de greidefûgels
Skries,ljip en oare greidefûgels hearre by Fryslân
Ynvestearje yn wiet lân, jeije op rôfdieren en mear: 👉 wy sette ús ferhaal del op dizze spesjale pagina.
5. It wetterpeil omheech om ferlies fan feangrûn tsjin te gean
It moat wieter om fersakkingen tsjin te gean en foar de natoer
It Fryske feangreidegebiet hat bot lêst fan sakjende huzen(pealrot),it ferdwinen fan natoer en dêrmei ek it ferlies oan biodiversiteit(heechfean) En mear CO2-ferlies troch it opdrûgjen. De FNP is net bliid mei dizze ûntwikkelingen. Wy kieze foar:ophâlde mei it keunstmeststruien, it wetterpeil omheech, mear wetter fêsthâlde en garje en it ferbieden fan maïstylt op feangrûn.Dat lêste hat te krijen mei de swiere lânboumasines, dy't de ûndergrûn stikken meitsje.
6.Net mear boarje nei sâlt en gas
Gjin gegriem yn ús grûn. De FNP lit Fryslân noait sakje!
De measte minsken witte it: De FNP hat altyd tsjin it boarjen fan gas en sâlt west. Wêrom?It lânskip hat der slim fan te lijen en huzen en gebouwen fersakje.
👉 Lês ek de oanpak oangeande it gasfjild fan De Pein(Vermillion)