Al sûnt 1962 binne wy der foar alle ynwenners fan Fryslân. Wy sette ús skouders ûnder de mienskip, foar mear ynspraak en sizzenskip. Mar foaral ek foar it behâld fan it lânskip, de eigen identiteit en goed wenjen en wurkjen op it plattelân.
1. MFC De Skâns op 'e Gordyk gewoan behâlde
De hjoeddeistige Skâns opknappe, de (top)sporthal nei Koartsweagen
Wy binne foar it behâld fan in folweardich multifunksjoneel sintrum op'e Gordyk. Sa as it no liket is der in finansjeel gat foar in nij MFA. Dêrom seit de FNP: ‘modernisearje De Skâns en gean op koarte termyn foar in nije (top)sporthal by Koartsweagen.
2. Tsjin leechfleanrûtes Lelystêd
Loftrom Súd-Fryslân earst opnij yndiele
De FNP is tsjin de oerlêst fan de ynplande leechfleanrûtes fan Airport Lelystêd. It loftrom moat earst hielendal opnij yndield wêze ear't Lelystêd útwreidzje kin.
3. Nije natuer foar beekdelling ‘Alddjip'
Bioferskaat yn de Hemriker Skarren
Maitiid 2018 makke deputearre Johannes Kramer (FNP) wrâldkundich dat 37 ha nije natuer ynrjochte wurdt foar de beekdelling fan it Alddjip by Olterterp. Der wurde natuerfreonlike wâlskanten oanlein en in tal sleatten wurde minder djip makke. Dit helpt om ferdrûging yn it gebiet tsjin te gean. Boppedat is it goed foar it bioferskaat. Bygelyks foar planten as de dotterblom, bûterblom en soerstâl.
4. Stipe foar it Stellingwarfs!
Hert foar de memmetaal en in eigen identiteit
Oktober lêstlyn krige it Nedersaksysk fan it Ryk erkenning as folweardige taal. Om it dúdlik del te setten: it is gjin dialekt fan it Nederlâns. De provinsje Fryslân hat har hjir bot foar ynsetten. Dat eltsenien syn memmetaal kin en brûke mei is foar de FNP essinsjeel. It befoardert it wolwêzen, in noflik libben.
5. Understypjen natuerinklusyf buorkjen yn Súdeast-Fryslân
Finansjele stipe en fertrouwen foar de boeren fan it kollektief ELAN
Sa'n 300 boeren fan ELAN agrarysk natuerbehear kinne de kommende jierren fierder mei it opkreazjen fan de streek. Mei it behear fan beamwallen, wâlskanten fan beekdellingen en greidelân foar fûgels is der in ynvestearring yn (takomstige) natuer mooglik. As deputearre foar de lânbou hat FNP'er Johannes Kramer him fanôf it begjin sterk makke foar natuerbehear mei de boeren. Foar de mienskip!
6. Doarpen, stêden en wenwiken wurde stipe mei 15,8 miljoen út it Iepen Mienskipsfûns
De FNP stie oan de widze en wol fierder mei dit súkses
It brûst yn Fryslân fan de inisjativen. Deputearre Johannes Kramer: "It IMF ferbynt minsken mei elkoar en liedt ta prachtige resultaten. Yn 2017 hawwe we 319 projekten fan, troch en út de mienskip stypje kinnen mei jild út it Iepen Mienskipsfûns." Mei dat jild wurkje ynwenners oan de leefberens yn harren eigen wyk, doarp, stêd of op ien fan de eilannen te ferbetterjen. Foar projekten yn Súdeast wie der € 390.000 beskikber. Projekten lykas de Turfvaart yn Appelskea en 't Hasker Pompke út Aldehaske krigen jild út dit fûns.