NIJS   11-03-2019


Ús ynset foar it Wetterskip

20 maart giet Fryslân wer nei de stimbus foar it bestjoer fan it Wetterskip. Dit wol de FNP betsjutte foar it wetter yn Fryslân.



"Hâld wetter fêst, stipe foar fiskers, earlik betelje" (Ús ynset foar it Wetterskip)

Al sûnt 1962 binne wy der foar álle ynwenners fan Fryslân. Wy sette ús skouders ûnder de mienskip, foar mear ynspraak en sizzenskip. Mar foaral ek foar it behâld fan it lânskip, de eigen identiteit én foar goed wenjen en wurkjen yn Fryslân.

 

1. De kosten foar de Nederlânske seediken earliker ferdiele

Sterke seediken en drûge fuotten binne fan nasjonaal belang

De ynwenner fan Fryslân wurdt no ûnevenredich swier oanslein mei kosten. Omdat eltsenien yn ús lân profyt hat fan drûge fuotten troch de deltadiken, moatte alle Nederlanners dêroan meibetelje. Ynwenners fan Fryslân betelje no tefolle!

 

2. De CO2-útstjit yn it feangreidegebiet beheine troch in heger wetterpeil

Behâld fan it kultuerhistoarysk lânskip en kear it fersakjen fan de huzen

Yn it saneamde ‘feangreidegebiet'drûget it fean op. Dat feroarsaket mear koalmonoxide yn de loft en hat pealrot en fundearringsproblemen foar huzen ta gefolch. Dit moatte wy net wolle, it wetterpeil moat omheech. Boeren kinne dan mei minder swier ark op it lân, mar wy binne ek tsjin de tylt fan maïs yn it feangreidegebiet, dan hawwe jo ek minder swiere masjines nedich.

 

3.It nije tinken: wetter opfange en fêsthâlde

Ophâlde mei spuien, Bergje it wetter foar drûge perioades

It belied is no: wetter fuortpompe. De FNP wol ynvestearje yn it wetter, hâldt it fêst. Guon natuergebieten moatte it jier troch wiet bliuwe. Yn de omjouwing dêrfan is dus wetter nedich. Mar ek boeren en natuer hawwe yn drûge tiden wetter nedich. Lykas it boulân oan de Waadkust fanwege de opkommende sâlte kwel. Bewarje dus.

 

4. Stiper fan sportfiskers

De FNP hat de angelfiskerij altyd in waarm hert ta droegen

Wy fine de sportfiskerij net allinne fan rekreatyf-toeristysk belang, mar ek fan grutte ekonomyske wearde. Om de fiskstân te ferbetterjen hat de FNP har sawol yn Provinsjale Steaten as yn it Wetterskip ynset foar fiskfreonlike gemalen. De fiskmigraasjerivier yn de ôfslútdyk en aanst by "Holwert oan see"stypje wy foar de folle hûndert prosint. Boppedat wol de FNP goed berikbere fiskersplakken, ek foar minsken mei in (fysieke) beheining.

5. Gjin ûnnedige ferheging fan de lesten

Wol betelje, mar net mear as mei it ynflaasjesifer

De FNP is fan miening dat de belesting net mear ferhege wurde moat as mei it ynflaasjesifer. Ekstra taken fan it Wetterskip moatte goed tsjin it ljocht hâlden wurde. 



Tags: Ferkiezings, Wetter

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer