NIJS   03-09-2015


FNP: gefolgen foar Fryslân ûndersykje yn saak NAM

Ek Fryske húseigeners hawwe skea fan gas- en sâltwinning

Wopke Veenstra 2015 lyts   

De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oan deputearre Schrier oer de útspraak fan de rjochter yn de saak fan de Grinzer Stichting WAG tsjin de NAM. Neffens de FNP kin it fûnis ek gefolgen krije foar húseigeners yn sâlt- en gaswingebieten yn Fryslân.

 

Wopke Veenstra, FNP wurdfierder Mynbousaken

Reaksje? Mail w.veenstrafryslan.frl 

De FNP wol fan Schrier hearre hoe grut de kâns is dat it fûnis juridysk trochlutsen wurde kin nei oare foarmen fan boaiembeweging as allinnich ierdbevings. Der is by de gas- en sâltwinning hjir ommers ek sprake fan boaiemdelgong. En yn Twente liedt de ynjeksje fan smoarch wetter en opslach fan frjemde stoffen yn de boaiem ek al ta problemen, lykas de skalygaswinning yn it bûtenlân. Al dizze oarsaken kinne skea oan it ûnreplik guod feroarsaakje en hawwe dêrmei ynfloed op de wearde fan de huzen, sa redenearret de FNP. 

 

Wurdfierder Wopke Veenstra: ‘Wat binne de juridyske konsekwinsjes fan dizze útspraak foar Fryslân? As der neffens de deputearre gjin konsekwinsjes binne en de oanspraaklikheid fan de NAM en de kompinsaasjeplicht jilde allinnich foar it Grinzer ierdbevingsgebiet, ûntstiet der dan gjin rjochtsûngelikens? Hoe sit it yn dit ferbân mei de feroaring fan de Mynbouwet en de omkearde bewiislêst? Dy jildt dochs aanst ek foar hiel Nederlân? Ik wol fan it Kolleezje in juridyske argumintaasje hearre.'



Downloads:
FNP fragen kompinsaasje húseigeners troch de nam
Antwurd op FNP fragen kompinsaasje húseigeners troch de nam


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer