Oangeande de útfierins-, kontrôle- en hanthaveningstaken fan it Wetterskip hat de fraksje wurdearring foar de oanpak fan it Deistich Bestjoer (DB) en it geduld fan de amtners, mar nettsjinsteande dat konstatearret de fraksje ek dat tal fan saken net rjocht fan ’e grûn komme en ekstra tiid en jild kostje. De kostebehearsking by sok opûnthâld sil dêrom opnij besjoen wurde moatte.
De fraksje freget oft de wetjouwer wol op syn plak is as it giet om de útfiering fan de Kaderrjochtline Wetter (KWR). It Algemien Bestjoer is ferplichte om de dêryn opdroegen taken út te fieren, mar kin neat ôftwinge. Dêrtroch rint it Wetterskip jild mis en moat it boeten betelje út eigen belestingsmiddels. Troch sa’n selde obstruksje is der noch hieltyd in tekoart oan wetteropfang. Dêrom is de FNP fan betinken dat der gau in Grûnbank by Provinsje komme moat.
No’t der al in beslút nommen is oer de oanpak fan it feangreidegebiet mei 2,5 miljoen euro, is der ynienen ek sprake fan skeaflankearjend belied. De fraksje wol witte oft der ek in flankearjend beliedsplan komt foar skea oan fundaasjes fan gebouwen en wegen. It Wetterskipsbestjoer liket der troch kosten en wer nije ideeën mar min fet op krije te kinnen.
Mei soarch foar berging hat it DB in eigen ferantwurdlikheid om wetter op hegere grûnen fêst te hâlden en wetteroerlêst yn polders en boezem foar te kommen. Wat is der yn de no hast ôfrinnende bestjoersperioade bard? It Mearjierreplan Hanthavening 2018-2022 kin men alle kanten mei út. Wat smyt it op, is de fraach. It nimt in protte tiid, sûnder dat in útkomst foar genôch berging garandearre wurdt.
De fraksje konstatearret dat der fan alles dien wurdt om de klimaatferoaring yn tinken en planútfiering te akseptearjen, mar warskôget dat soks net te’n koste fan alles gean mei en ek net op kosten fan de minst draachkrêftigen.
De drûchte fan simmer 2018 hat oan it ljocht brocht dat it net fanselssprekkend is dat der altyd foldwaande swiet wetter is. Der moat troch peilbehear, direkte opfang en gebietsberging foar soarge wurde dat der romte is foar foldwaande swiet wetter. De FNP-fraksje is fan betinken dat bestjoer en meiwurkers fan it Wetterskip har yn de drûchtekrisis goed ynspand hawwe om elkenien te ynformearjen en troch in earlike ferdieling grutter skea foar te kommen.
Nettsjinsteande de grutte ynset fan it Nij Finansjeel Perspektyf muoit it de FNP-fraksje dat Wetterskip Fryslân net yn in finansjeel oantreklike posysje terjochte kommen is. De les is dat by ambysjes fuortdaliks de finansjele kant dutsen wêze moat. By it mearjierre-perspektyf 2015-2021 hat de FNP warskôge foar hege kapitaalslêsten yn de takomst, as gefolch fan it oanpassen en fernijen fan gemalen en de kosten fan wâlen en kaaien troch it sakjen fan it meanfjild. De befolkingskrimp, en dus minder meibeteljende ynwenners, en de hegere kosten fan primêre diken bringe mei dat wy net werom kinne nei legere wetterskipslêsten.
De FNP-fraksje komplimintearret de organisaasje mei de ynlieding by de begrutting 2019. Dêr steane moaie dingen yn, lykas beëage resultaat en beärgumintearre doelen. De wichtige beliedstikken en de projekten dy’t de lêste jierren útfierd binne hawwe alle wurdearring fan FNP, mar de skuldeposysje en de risiko’s nimme ta en de reserves nimme ôf. Kinne wy dat trochskowe nei it nije bestjoer? Of rinne wy dat foar de fuotten as wy mei dizze begrutting ynstimme?
Ferskate partijen, de FNP ek, hawwe it DB punten oanjûn om nochris te besjen wêr’t yn de begrutting wat temporisearre wurde kin. Wy hiene de hoop dat it DB nei oanlieding fan dy opmerkingen yn de meinskiplike kommisje guon saken en ambysjes bystelle soe. Spitigernôch is dêr gjin gehoar oan jûn!