NIJS   03-07-2018


Mear Arriva treinen nei Snits

De provinsje wol dochs besykje om mei yngong fan 2020 yn 'e spits fjouwer treinen yn 'e oere fan Snits nei Ljouwert ride te litten.



"Net mear lang wachtsje op oanslutende treinen" (Johannes Kramer oer de treinferbining mei Snits)

Passe en mjitte 
Neffens deputearre Kramer is it passen en mjitten om mear treinen ride te litten op in inkelspoar tusken Snits en Ljouwert. Mar as it heal kin moat it al, want de 1600 deistige treinreizgers tusken de Wetterpoartestêd en Ljouwert moatte no wol hiel faak stean. It doel is no om yn de spits moarns ekstra treinen fan Snits nei Ljouwert ride te litten en middeis ekstra treinen fan Ljouwert nei Snits.

Fjouwer treinen yn de  spits
Prorail joech yn earste ynstânsje oan dat mear treinen yn 'e oere as trije net mooglik wêze soe. Fanwege de weake ûndergrûn by Mantgum kinne treinen dêr minder hurd ride as nedich is. Mar der is no in alternatyf betocht. Snits kin yn 'e spits fjouwer treinen yn 'e oere krije, mar as gefolch dêrfan stoppet de trein tenei noch mar twa kear yn 'e oere yn Mantgum yn plak fan trije kear no. Yn Mantgum stappe alle dagen yn trochsneed sa'n 250 minsken yn de trein nei Ljouwert. Kramer wol him dêrfoar ynspanne dat de trein út Mantgum wol in goede oansluting kriget op de treinen nei Grins en Zwolle, sadat de Mantgumers net al tefolle lêst krije sille fan de legere frekwinsje.
 
Feiliger oergongen
De provinsje stribbet dernei om takommend jier in beslút te nimmen oer de fjirde trein fan Snits nei Ljouwert. Tagelikertiid wurde der plannen makke foar it befeiligjen fan de lêste ûnbefeilige spoarweioergongen yn Fryslân. Op it trajekt Ljouwert-Snits wol de provinsje ûnder oare de spoarweioergong by Boazum oanpakke. De gemeente Súdwest-Fryslân hat al oanjûn dêr wol oan meiwurkje te wollen. Foar it befeiligjen fan alle ûnbefeilige spoarweioergongen is neffens Kramer in hegere finansjele bydrage fan it ryk nedich.

Ynterview Omrop Fryslân
 Dit is te lústerjen efter dizze link   


Tags: Ferfier yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer