NIJS 16-01-2018
Kramer fynt pulsferbod klap foar fiskers
Deputearre Johannes Kramer hat gjin goed wurd oer foar de wize wêrop't it Europeesk Parlemint in ein makke hat oan de pulsfiskerij. It ferbod is in hurde klap foar de sektor, seit er. Kramer hat de yndruk dat de diskusje yn it Europeesk Parlemint net gie oer de echte effekten fan it elektrysk fiskjen, mar oer it beskermjen fan nasjonale belangen.
"Hurd foar de fiskers yn Harns" (Kramer oer ferbod pulskfiskerij)
Gefolgen
Wethâlder Maria le Roy fan Harns tinkt dat it ferbod gefolgen hawwe kin foar de stêd. Alle jierren komme tûzenen kotters yn Harns de haven yn om fisk en garnalen te lossen. It ferbod is net goed foar it imago fan de Nederlânske fiskerij, seit se. "Het is een dag met een zwart randje." Twa Fryske kotters fiskje elektroanysk, mar yn Harns losse ek in soad fiskersskippen út Urk en út oare plakken.
Interview Johannes Kramer by Omrop Fryslân
Tags:
Wurkje yn fryslan
MEAR OER DIT ÛNDERWERP