NIJS 21-02-2018
Gjin takomstich kearnôffal yn de Fryske boaiem
De FNP yn Provinsjale Steaten sit deroer yn dat it Ryk de opslach fan kearnôffal yn Fryslân trochsette wol. De partij skriuwt it kolleezje fan Deputearre Steaten, dat de provinsje fêsthâlde moat oan it Streekplan. Dêryn stiet dat Fryslân gjin kearnôffal, CO2 of oare frjemde stoffen yn de grûn ha wol.
"Gjin gegriem yn ús grûn" (Wopke Veenstra oer opslach kearnôffal)
Opera-rapport
Oanlieding foar de fragen fan de FNP is it OPERA-rapport oer de takomstige opslach fan kearnôffal, dat okkerdeis nei de Twadde Keamer stjoerd is. It Ryk hat in Structuurvisie Ondergrond fêststeld, wêryn men besiket it gebrûk fan de djippe ûndergrûn ek ûnder ús provinsje te regeljen. Der hat ek ôfstimming west mei de provinsje Fryslân, mar de opslach fan radio-aktyf ôffal is gjin ûnderdiel fan dy ôfspraken, sa docht bliken út ynformaasje fan it Kolleezje fan DS.
Grut ferset
Veenstra: ‘Wy wolle as regio in stim hâlde yn dit ferhaal. It útgongspunt bliuwt ‘gjin gegriem yn ús grûn’. Dat hawwe de Steaten as folksfertsjintwurdiging fêstlein yn moasjes en yn it Streekplan. Der is noch hieltyd grut ferset tsjin gebrûk fan sâltkoepels en klaailagen ûnder Fryske gemeenten. Ik wol witte oft der ôfstimming mei de Fryske gemeenten west hat. Dat hawwe wy yn it ferset tsjin de nije gasboarringen ek dien.’
Effekten ûnder de grûn
‘Binne der romtlike effekten ûnder de grûn dy’t juridysk hout snije kinne?’, sa freget Veenstra. ‘Kinne wy dy proefboaringen foar it kearnôffal ek opkeare? Der spilet no fan alles. De gaswinning, de sâltwinning, CO2, wetterstof. Undergrûnske opslach fan kearnôffal kin bygelyks de takomstige winning fan geotermy of de drinkwetterwinning wolris raar yn’e wei sitte. Mar dy geotermy wolle wy graach foar ús oerstap nei fossylfrije enerzjy. Krije wy as Fryske polityk hjir noch wat oer te sizzen?'
Nijs oer dit FNP-stânpunt
Tags:
Natuer en lanskip
MEAR OER DIT ÛNDERWERP