![]() |
Glasgow, de grutste stêd fan Skotlân, hat al sûnt 1999 in skoalle dy't folslein yn it Skotsk Gaelysk (hjirnei Gaelysk) ûnderwiis jout. Op dit stuit brûkt gjin inkelde skoalle yn Fryslân allinnich it Frysk as fiertaal.
Saapke Voolstra, 2e opfolger FNP Steatefraksje lid seksje Boarger en Mienskipssaken
Reaksje? Mail s.voolstrafnp.frl |
Underwiis yn minderheidstaal yn grutte stêd: it kin!
Gaelysk is in minderheidstaal dy't yn Skotlân troch sa'n 1% fan de ynwenners brûkt wurdt. Begjin maart 2015 haw ik in besite brocht oan dizze skoalle, de Sgoil Ghàidhlig Ghlaschu. Dit wie yn it ramt fan ynternasjonalisearring foar de opleiding dy't ik folgje (Master Special Educational Needs), dêr't ik in oriïntaasje die op in bûtenlânsk ûnderwiissysteem. De skoalle is út ferlet fan de mienskip wei oprjochte. In grut tal âlden woe graach ûnderwiis yn de Gaelyske taal foar harren bern. De iepening wie yn 1999 en yn 2006 wie de skoalle sa groeid dat der ferhuze wurde moast nei in gruttere skoalle.
It doel fan de skoalle is net om safolle as mooglik Gaelyske praters der by te krijen, mar om fan harren learlingen suksesfolle learders, selsfersekere yndividuen en effektive bydragers oan de maatskippij te meitsjen. De Gaelyske taal wurdt as bynmiddel brûkt by it beheljen fan dizze doelen foar de learlingen op de skoalle (Sgoil Gháidlig Ghlaschu, 2001-2015). Op dizze skoalle haw ik sjen kind, dat it mooglik is om folslein ûnderwiis te krijen yn in minderheidstaal, fan pjut oant folwoeksene. Myn ûnderfining op dizze skoalle makket dat ik wol as stelling doar oan te gean dat ûnderwiis yn in minderheidstaal, ek yn in grutte stêd, in mearwearde wêze kin foar de learlingen dy't dit ûnderwiis folgje.
Faak hearre jo dat ûnderwiis yn in minderheidstaal, en dan benammen yn de stêd, net mooglik is omdat de oare taal dominant is yn de stêd. It is al mooglik, nei aard en skaal fan it oantal brûkers. De learlingen fan de Gaelyske skoalle kinne fan trije jier ôf ûnderwiis folgje yn dizze taal. Dit bart dan op de saneamde ‘nursery'. Hjir is dat ferlykber mei it pjutteboartersplak. De fiertaal fan de lieding is Gaelysk. Ek al binne de bern Ingelsktalich, de lieding op dizze groepen jout antwurd yn it Gaelysk werom. Dit wurdt ek wol de ûnderdompelingstechnyk neamd.
Ditselde bart ek yn de ‘primary school', de basisskoalle, oant rûchwei it fjirde jier. Yn de hegere groepen fan de ‘primary school' en op ‘e ‘secondary school' binne de learlingen it Gaelysk sa machtich, dat it Ingelsk as fiertaal net mear brûkt wurdt - útsein by it fak Ingelsk. Fan de âlden fan de bern wurdt ferwachte dat sy de bern thús ek wakker stimulearje om it Gaelysk aktyf te brûken. Ek wurdt frege dat sy besykje om de taal sels ek sa goed as mooglik te learen. Op dizze wize wurdt it tal aktyf brûkenden twaliddich fergrutte: troch de bern en troch harren âlden.
Yn it petear dat ik hie mei de direkteur fan de skoalle haw ik ek in fraach steld oer de útstream fan de learlingen nei it ferfolchûnderwiis. Dy útstream is ek faak in soarch dy't heard wurdt at it giet om meartaligens; benaudens foar taalefterstannen. Ut har antwurd die blyken dat in grut part fan de learlingen trochstreamt nei in prima ferfolchnivo. Tachtich prosint fan de learlingen kin nei de middelbare skoalle nei de universiteit, HBÛ of heger. Dit is ek te ferklearjen mei teory oer meartaligens.
Bern dy't meartalich binne, hawwe in oantal foardielen op harren leeftydsgenoaten. De senuwpunten yn it brein feroarje wat by it learen fan in twadde taal. Dit makket dat der kognitive reserves oanmakke wurde. Boppedat is in taal net inkeld klanken en letters, mar ek ûnderdiel fan in kultuer. By in taal hearre ek dragers fan byld en lûd dêr't learders fan in twadde taal mei yn oanrekking komme (InfoNu.nl, 2006-2015). Dit binne noch mar inkelde foarbylden fan twa- of meartaligens. Ek oer it trijetalich ûnderwiis yn Fryslân binne der positive risseltaten at it giet om meartaligens (van Ruijven & Ytsma, 2008).
No is dat fansels hiel moai, ûnderwiis yn it Gaelysk yn de sted Glasgow, mar hoe soe dit dan fertaald wurde kinne nei it Frysk of nei ien fan de oare minderheidstalen of dialekten dy't wy hjirre kinne? En dan ek noch yn in grutte stêd? Yn Nederlân is ûnderwiis in grûnrjocht (artikel 23 fan de Grûnwet). Eltsenien mei in skoalle oprjochtsje en nei eigen oertsjûging ûnderwiis jaan. Dit is de frijheid fan ûnderwiis. De oerheid betellet oan skoallen at dy oan in oantal betingsten foldogge. At der foar keazen wurdt om in partikuliere skoalle op te rjochtsjen, hoege jo net oan dizze betingsten te foldwaan. Dêr stiet tsjinoer dat de oerheid ek gjin jild jout foar dit ûnderwiis; dizze skoallen binne ôfhinklik fan bydragen fan âlden of bedriuwen. Foar alle skoallen jildt, dat sy oan bepaalde kwaliteitskriteria foldwaan moatte om ûnderwiis jaan te meien oan learplichtige learlingen (Rijksoverheid, 2013). Der binne in soad tûkelteammen, mar it is mooglik om yn in stêd in skoalle op te rjochtsjen dy't in minderheidstaal as fiertaal hat.
Ek al is der in oare taal dominant, it is mooglik om yn in stêd in skoalle op te rjochtsjen dêr't kwalitatyf goed ûnderwiis jûn wurdt en mei in minderheidstaal of dialekt as fiertaal. Om finansiering fan de oerheid te krijen, sil de skoalle foldwaan moatte oan in grut tal betingsten. Ien dêrfan is dat der foldwaande ferlet en draachkrêft by de mienskip wêze moat om sa'n skoalle te stiftsjen. Yn Glasgow wie dat sa. Yn Fryslân liket dat wol minder it gefal. Faaks hat dat dermei te krijen dat it noch net genôch knipet. Minsken komme oer it generaal pas yn aksje as it hast te let is. Dat soe fansels eins oars wêze moatte, mar it tsjut der ek op dat yn Fryslân de animo yn de takomst noch tanimme kin. De trijetalige skoallen binne yn elk gefal in moaie stap yn dy rjochting.
Underwiis yn in minderheidstaal, ek yn in grutte stêd, is in mearwearde foar de learlingen dy't dit ûnderwiis folgje.
![]() |
Learlingen fan de Sgoil Ghaidhlig Ghlaschu, in skoalle yn Glasgow dy't folslein yn it Skotsk Gaelysk ûnderwiis jout. Foto: Saapke Voolstra |
Basisûnderwiis en it fak Frysk
Op dit stuit brûkt gjin inkelde skoalle yn Fryslân allinnich it Frysk as fiertaal. Der binne, lykas bekend, al in grutter groeiend oantal trijetalige skoallen. Op dit stuit binne sa'n santich skoallen oanslúten by it netwurk fan trijetalige skoallen: 3TS, dat betsjut lykwols net dat al dy skoallen ek trije talich binne. It Frysk mei wol as ienige ynstruksjetaal op in skoalle brûkt wurde. De ôfrûne jierren is der bot ynfestearre om it ûnderwiis yn it fak Frysk op in heger peil te bringen. Yn it rapport ‘Tussen wens en werkelijkheid' (2010) fan de ûnderwiisinspeksje waard dúdlik dat de realisaasje fan de grutte ambysjes foar dit fak Frysk, dy't yn de bestjoersôfspraak tusken Ryk en provinsje foar de jierren 2001-2010 fêststeld wienen, fier stiet fan de wurklikhyd. Yn it rapport wurdt de fraach stelt at der wol foldwaande maatskiplik draachflak is foar it fak Frysk. In part fan de skoallen jout it Frysk om dat it moat. Ek wurdt der faak tocht dat der gjin draachflak is ûnder de âlden fan de bern. It ferbetterjen fan it besteande ûnderwiis yn it fak Frysk kin better, mar hat allinnich kâns at bestjoerders en skoallieders sels har ferantwurdlikhyd nimme foar goed ûnderwiis yn de twatalige provinsje Fryslân.
Boarnen
InfoNu.nl. (2006-2015). Twee- of meertaligheid. Ophelle fan Educatie en School: http://educatie-en-school.infonu.nl/taal/46892-twee-of-meertaligheid.html
Rijksoverheid. (2013). Vrijheid van onderwijs. Ophelle fan Zelf een school oprichten: http://www.rijksoverheid.nl/onderwerpen/vrijheid-van-onderwijs/zelf-een-school-oprichten
Sgoil Gháidlig Ghlaschu. (2001-2015). Teachdaire bhon Cheannard/Message from the Headteacher. Ophelle fan http://www.glasgowgaelic.glasgow.sch.uk/default.aspx
van Ruijven, B., & Ytsma, J. (2008). Trijetalige Skoalle yn Fryslân; Onderzoek naar de opbrengsten van het drietalige onderwijsmodel in Fryslân. Ljouwert: Fryske Akademy.
Dit artikel is earder publisearre yn Y-skrift Skanomodu en as Opinystik yn it Friesch Dagblad fan 22 augustus 2015