NIJS 22-05-2018
Kramer tefreden oer Iepen Mienskipsfûns
De provinsje is tefreden oer it yn 2015 opsette provinsjale Iepen Mienskipsfûns. Fan it IMF wurdt folop gebrûk makke en de resultaten binne prima. Dat seit Johannes Kramer, dy't it fûns as deputearre yn syn portefúlje hat.
"Sûnder amtlike rimram moaie projekten realisearje" (Johannes Kramer oer it Iepen Mienskipsfûns)
833 projekten
Oant no ta hawwe 833 projekten fan de subsydzje gebrûk makke. Dy hawwe hast 72 miljoen euro oan projekten generearre. Se fariearje fan it geskikt meitsjen fan tsjerken en doarpshuzen foar alderhande aktiviteiten oant teäterfoarstellingen, sporteveneminten en sinnekollektiven. It fûns stiet noch altyd iepen foar nije projekten.
Johannes Kramer op Omrop Fryslânradio
Tags:
Polityk Bestjoer,
Wenje yn Fryslan
MEAR OER DIT ÛNDERWERP