Ynwenners Burgum
Okkerdeis wie yn de Ljouwerter Krante in opiny-stik te lêzen fan in stikmannich ynwenners fan Burgum oer de bouplannen foar it gebiet ‘de Warren'. De ynwenners wize op it kwetsbere gebiet dêr't in soad greidfûgels te finen binne. De FNP fynt dat it gjin doel hat dêr te bouwen. Der binne wol oare plakken yn en om Burgum wêr't noch romte is. Boppedat fynt de fraksje dat ek yn oare doarpen bouwd wurde kin, as dêr ferlet fan is.
Splitsing
It bouplan bringt in splitsing fan it doarp Burgum mei him mei, net allinnich troch de beëage lokaasje mar ek gefoelsmjittich. Fierder freget de FNP him ôf wat it nasjonale en provinsjale belied is by bou op kwetsber bûtengebied.
Beskerming greidfûgels en bûtengebiet
"Wy as FNP hawwe de beskerming fan greidfûgels heech", seit wurdfierder Klaas Fokkinga, "en wy moatte ek earst sjen nei mooglikheden fan ynwreidzjen yn it wengebiet sels foardat in bûtengebiet oantaaste wurdt troch nijbou". De FNP is fan betinken dat nijbou yn dit gebiet net moatte soe en freget oan Deputearre Steaten oft der noch in mooglikheid is om nijbou yn ‘de Warren' noch te kearen.
Yn in reaksje stelt it Kolleezje fan Deputearre Steaten dat de gemeente de wetlike ferplichting hat om yn de taljochting by it bestimmingsplan te ûnderbouwen hoe't de ûntwikkeling fan dy lokaasje sjoen wurde moat, yn relaasje ta mooglike ynwreidingslokaasjes en oare beskikbere lokaasjes.