NIJS   13-10-2015


Beskermje de regionale omroppen

Omrop Fryslân past net yn de nije mediawet fan steatssiktaris Sander Dekker. Senator Hendrik ten Hoeve (OSF/FNP) út Stiens hat dat sein by de Algemiene skôgings yn de Earste Keamer. Ten Hoeve is fan betinken dat de iennichste omrop yn de twadde rykstaal net opgean moat yn de RPO, de nije lanlike organisaasje foar alle regionale omroppen. Ten Hoeve sjocht mear yn in aparte FPO (Fryske Publike Omrop).



"Omrop Fryslân fan de kaart? Gekkepraat! " (Hendrik ten Hoeve oer besteansrjocht Omrop)

Takomst Omrop 
Steatssiktaris Dekker sil meikoarten mei de provinsje Fryslân prate oer de takomst fan de omrop.
 
Beskerming regionale sjoernalistyk  
Ten Hoeve (FNP) is senator foar de Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF), in gearwurkingsferbân fan regionale politike partijen. Hy naam it dêrom net allinnich op foar Omrop Fryslân, mar ek foar de oare regionale omroppen. Ten Hoeve fynt it in min idee om 17 miljoen euro op de omroppen te besunigjen. Hy is fan betinken dat de regionale sjoernalistyk beskerme wurde moat.



















Tags: Frysk en Meartaligens, Kultuer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer