NIJS   19-02-2019


Doarpen en wiken moatte profitearje fan Wynpark Fryslân

De FNP-Steatefraksje fynt dat doarpen en wiken yn Fryslân folop mei-profitearje kinne moatte fan Wynpark Fryslân. Yn de regeling foar boargerpartisipaasje dy’t no opsteld is, is dat net it gefal. Dêrom komt de FNP nije wike yn de Steaten mei útstellen om dat te feroarjen.

"Aansens fiskje wy achter it net" (Sybren Posthumus oer Wynpark Fryslân)

Rendemint foar doarpen en wiken

De saneamde ‘boargerpartisipaasje’ dy’t oan de Steaten fan Fryslân foarlein wurdt is no sa ynrjochte dat suver allinnich partikulieren ynskriuwe kinne foar in bedrach fan € 500 per obligaasje. De FNP wol ek dat doarpen en wiken rendemint hawwe kinne fan it wynpark yn de Iselmar. Yn in grut artikel yn it Friesch Dagblad hjoed wurdt ek troch ‘Us koöperaasje’, as fertsjintwurdiger fan duorsume doarpen, steld dat dat sa wêze moat.

 

Net achter it net fiskje

"It ‘maklik en mooglik’ meitsjen fan partisipaasje troch doarpen en wiken yn Wynpark Fryslân is ek omskreaun yn it koalysje-akkoart", seit Steatelid Sybren Posthumus. "It kin net sa wêze dat doarpen en wiken aansens achter it net fiskje."

 

Bettere ûnderbouwing foar de € 10 miljoen

Yn oanfolling wol de FNP ek dat kritysk sjoen wurdt nei it bedrach fan € 10 miljoen as maksimum bedrach fan de totale partisipaasje. Der binne mear as 500 doarpen en stêden yn Fryslân en as in grut part dêrfan yntekenje wol, is de € 10 miljoen samar folskreaun. Dêrom wol de FNP dat it bedrach fan € 10 miljoen oan partisipaasje better ûnderboud wurdt en sa nedich ophege wurdt om temjitte te kommen oan de fraach nei obligaasjes út doarpen en wiken wei.

 

Ôfbylding: WindparkFryslan.nl



Tags: Enerzjy en duorsumens

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer