NIJS   05-02-2019


Stim ôf....op ús podcast-útstjoerings

De FNP begjint mei podcast-útstjoerings. In podcast is in djipgeand mar noflik petear op ynternet oer maatskiplike en politike tema’s. De partij wol yn de eigen FNPodcast, as earste partij yn Fryslân, belutsenen en kenners sels oan it wurd komme litte.

"De Friezen in stim jaan op in nij poadium" (Johannes Kramer oer de earste podcast)

"Wy wolle de Friezen in stim jaan op dit nije poadium", seit listlûker Johannes Kramer. "Dit past hielendal by de fernijing fan de partij dêr’t wy mei dwaande binne. Ek nei de ferkiezings wolle wy der mei fierder." De earste ôflevering (klik hjir) giet oer de funksje fan korpsen (de HaFaBra) yn de Fryske kultuer, mei ûnder oaren FNP-fraksjefoarsitter Corlienke de Jong.

 

Der binne útstjoerings yn produksje oer bygelyks it Frysk, biologyske lânbou, it tekoart oan faklju en oer sizzenskip yn eigen doarp of wyk. De earste podcast is te finen op de webside fnp.frl. De presintaasje is yn hannen fan âld-sjoernalist Jan Arendz.



Tags: Ferkiezings

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer