NIJS   16-09-2015


FNP fragen lûdsoerlêst wynturbines op lân

Yn Nederlân tichter by wenhuzen as yn oare lannen

Klaas Fokkinga 2015 lyts   

Kinne wynturbines op 400 meter fan wenhuzen komme te stean yn Nederlân? Neffens in ûndersyk foar de Twadde Keamer kinne se troch oare lûdsnoarmen by ús folle tichter by komme te stean as yn de lannen om ús hinne. De Steatefraksje fan de FNP makket him soargen oer de lûdsoerlêst en stelt fragen oer de kwestje.

 

Klaas Fokkinga, FNP wurdfierder Romtelike Oardering 

Reaksje? Mail k.fokkingafryslan.frl

FNP wurdfierder Klaas Fokkinga ferwiist nei in brief dat de minister fan Ynfrastruktuer en Miljeu fan't simmer nei de Twadde Keamer stjoerd hat. Yn it saneamde Kennisbericht Geluid van Windturbines stiet dat Nederlân dúdlik ôfwykt mei syn noarmen . Yn Wallonië is de minimale ôfstân 800 m, yn  Vlaanderen 875 m, yn Dútslân rom 900 m en yn Denemarken 1050 m. De minister hie earder wat oars sein, nammentlik dat Nederlân mei syn noarm net dúdlik ôfwike soe.

 

De FNP makket him slim soargen oer de lûdsoerlêst fan wynturbines foar omwenners. Dy kin troch de Nederlânske noarmen dus folle grutter wêze as nedich. Fokkinga freget oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten wa't wy no leauwe moatte. Hy wol presys witte hoe ticht de wenningen yn Fryslân by de besteande wynturbines op lân steane. Fierder stelt hy fragen oer de gefolgen foar de omwenners en foar de wynturbines. Hy ferget it Kolleezje op harren miening no't dizze nije feiten der lizze.

 

 



Downloads:
FNP skriftlike fragen lûdsoerlêst wynturbines
Antwurd op FNP fragen lûd wynturbines


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer