NIJS   03-10-2016


De FNP Fryslân hat moandei 3 oktober in suksesfolle aksje hâlden by Sionsberg yn Dokkum. Mei dizze aksje hat de FNP it personiel fan de Sionsberg mar ek de ynwenners fan Noardeast Fryslân in hert ûnder de riem stutsen. De FNP’ers hawwe op lokaasje mear as 300 (biologyske) “sûnensappeltsjes” útdield. De besikers én meiwurkers fan Sionsberg hawwe posityf reagearre op de aksje fan de FNP.



Fertrouwen

De FNP hat alle fertrouwen yn de Sionsberg en dat hawwe ek de ynspeksje, de húsdokters en de pasjinten út de regio Noardeast Fryslân. De FNP komt ta dizze aksje omdat de takomst fan de Sionsberg troch it opsizzen fan it kontrakt troch de soarchfersekerder ‘De Friesland' op it spul stiet.

 

Sionsberg yn ‘e lift

De FNP is ynnommen mei it positive nijs fan de direksje fan Sionsberg dat it tal pasjinten en besikers oan de Sionsberg wer yn ‘e lift sit. Dat jout oan dat der wol deeglik betrouwen en draachflak yn de regio is.



Tags: Soarch yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer