Betûft persoan
De FNP-Steatefraksje siket in fleksibel en betûft persoan, dy't selsstannich wurkje kin en wit wat der polityk spilet. Kreativiteit, selsstannigens en betrouberens binne foar ús tige wichtige kompetinsjes foar de nije meiwurker.
De meiwurker komt yn tsjinst by de Stifting Steatefraksje FNP.
Wurkplak:
It wurkplak is de fraksjekeamer op it provinsjehûs yn Ljouwert. Mar de funksje is sadanich, dat der ek wol thús wurke wurde kin. De direkte oanstjoering fynt plak troch de fraksjefoarsitter.
Funksjeynhâld:
- siktariële wurksumheden (wurklist fraksjegearkomsten opstelle, notulearje en útwurkje fan fraksjegearkomsten, ôfhanneling fan korrespondinsje);
- organisearjen fan gearkomsten en oare aktiviteiten foar de fraksje;
- argyfwurksumheden (nijs út de kranten, digitaal argivearje ensfh.);
- wurksumheden op de webside en sosjale media;
Funksje-easken:
- Minimaal MBU/Hafû nivo;
- Underfining mei it (digitaal) notulearjen fan gearkomsten;
- Geef Frysk yn wurd en skrift;
- Niget oan en feardich mei kompjûters: behear e-mail fan de fraksje, ûnderfining mei digitale argifearring (SharePoint), Office;
Bykommende easken:
- Eigen ferfier;
- Reewilligens om yn jûntiid of wykein te wurkjen;
- Ree om bykommend wurk te dwaan;
- Underskriuwt de útgongspunten fan de FNP.
De funksje beslacht 24 oeren wyks (salarisyndikaasje € 1600 smoarch yn ‘e moanne). De oanstelling is yn prinsipe bûn oan de steateperioade (maaie 2019 oant en mei maart 2023) en sil earst mei in proeftiid fan 2 moanne útein sette.
Proseduere:
Sprekt boppesteande baan dy oan, dan sjogge we dyn sollisitaasjebrief en CV graach foar 31 maart 2019 yn ‘e mjitte fia e-mailadres auke_rintjesupcmail.nl. Foar fragen kin kontakt opnommen wurde mei Corlienke de Jong (fraksjefoarsitter), 06 - 220 190 66 as Auke Bijlsma (foarsitter Stifting Steatefraksje FNP), 06-50590080.