Op 28 septimber beslút de Raad voor de Rechtspraak oer it definitive Mearjierreplan 2015-2020 fan de Rjochtspraak. Foar Fryslân giet it om de takomst fan it gerjochtshôf en de rjochtbank. De kommende jierren driget ferlies fan wurkgelegenheid en nei 2020 is hielendal neat wis. Noch altyd sil it sa wêze dat foar Fryslân wichtige rjochtsaken bûten de eigen regio holden wurde kinne. It is hurd nedich dat polityk en de rjochterlike organisaasje fierder sjogge as in pear jier. En dat ôfspraken en regels oer rjochtsaken der binne foar de minsken en net oarsom.
Yn de konsept-plannen dy't no foarlizze bliuwt Ljouwert sittingslokaasje foar sawol rjochtbank as gerjochtshôf. De rjochtbank foar in op papier ‘folslein pakket' en it gerjochtshôf foar de saneamde appèlsaken by heger berop. Lykwols, yn de wat kompleksere saken, bygelyks yn it bestjoers- en sivile rjocht, sil men fierder reizgje moatte. Dan wurde saken wer yn Grins (rjochtbank) of yn bygelyks Swolle (gerjochtshôf) ôfhannele. Yn de nije opset kinne tastannen lykas mei de dongsilo mei in sitting yn Almelo, mei sawat allegear Fryske belanghawwenden, dus likegoed wer foarkomme.
It aparte no is dat as it giet om de saken yn heger berop dy't yn de regio-Swolle behannele wurde, der neffens it rapport ‘Stip aan de horizon' fan it Gerjochtshôf Arnhim-Ljouwert ôfwikings mooglik binne fan de regels oer de saaksferdieling. Under oare omreden fan de tagonklikheid en it tichteby wêzen fan in sittingsplak. Dêrby giet it dan om saken wêrby't de sittingslokaasje hiel wichtich is foar rjochtssykjende en/of advokaat. Dy fleksibiliteit soe yn ús eagen ek jilde moatte foar minsken en organisaasjes dy't op grûn fan bepaalde arguminten de rjochtsaak it leafst yn Ljouwert hawwe wolle. Uteinlik soe it sa wêze moatte dat alle ynwenners fan Fryslân dy't in rjochtsaak of heger berop begjinne wolle, dat yn Ljouwert dwaan kinne.
Alle gedoch mei de ‘Herziening Gerechtelijke kaart' hat fan alle belutsenen in soad enerzjy en ek jild koste. En dat sil de kommende jierren allinnich mar trochgean. It kin net sa wêze dat dêrtroch net mear neitocht wurdt oer de takomst. Hûnderten meiwurkers sitte yn grutte ûnwissigens oer de takomst. It Gerjochtshôf Ljouwert wurdt (noch) fierder útklaaid mei allinnich noch saken út Fryslân, Drinte en Grinslân. Saken út de regio's Flevolân en Swolle gean nei Arnhim ta. De rjochtbank-Ljouwert bongelet omdat de hier fan it gebou oant 2020 trochrint en der allinnich fanwegen de húsfestingskosten besluten is om net alles nei Grins te ferhúzjen.
Op dit stuit beslute oaren, bûten ús eigen regio, oer de takomst fan beide wichtige ynstellingen yn Ljouwert. It is nedich dat Fryslân sels, as regio, folle mear ynfloed en sizzenskip krijt oer de rjochtspraak yn ús eigen provinsje. Dan binne wy wis fan it behâld fan in folweardige rjochtbank en hôf. Mei byhearrende wurkgelegenheid, each foar beide rykstalen en rjochtspraak op reedlike ôfstân.
Corlienke de Jong en Sybren Posthumus, Steateleden FNP
Dit artikel is earder ferskynd as Te Gast yn de LC fan 22 septimber 2015