NIJS   28-09-2015


Ryk én provinsje Fryslân meibetelje oan de Omrop

Opinystik Corlienke de Jong

Lykas by de rjochtbanken is de reorganisaasje fan de regionale omroppen suver en allinnich yn gong set om de besunigingen fan it Kabinet-Rutte mooglik te meitsjen. Net de ynhâld mar de finansjele taakstelling fan it Ryk stiet sintraal. Werom sjende kinne wy konstatearje dat dit al dúdlik wie by de keamerdebatten oer de Wet Gebrûk Fryske Taal yn 2013 en 2014. Der binne doe troch PvdA en CDA al moasjes yntsjinne oer de spesjale posysje fan Omrop Fryslân. It is de partijen dúdlik makke dat se foar it Frysk en de Omrop fan alles freegje kinne, mar dat it gjin sint kostje mei. De besuniging fan € 17 miljoen op de regionale omroppen is troch it kabinet al ynboekt.

 

Steatssekretaris Sander Dekker skriuwt no yn syn lêste brief oan de Keamer dat hy ree is om de Frysktalige programmearring, de eigen stjoerder foar Fryslân en de bydragen foar FryslânDOK fia de NOS yn de Wet fêst te lizzen. Dat is moai, trije fan de fiif oanbefellingen fan de ‘Tijdelijke commissie Borging Friese taal in de Media' ûnder lieding fan Rein Jan Hoekstra wurde hjirmei opfolge.

 

De lêste twa oanbefellingen fan de Kommisje-Hoekstra moatte ek opfolge wurde. It giet om de selsstannige bestjoerlike posysje fan de Omrop yn Fryslân, en de aparte finansiering om de ‘brede en alsidige programmearring yn it Frysk op ferskate platfoarms' mooglik te meitsjen.

 

Dêrby moat net útgien wurde fan behâld fan de status quo, per saldo in efterútgong. Der moatte just middels frijmakke wurde foar ûntwikkeling fan it Frysk yn in hurd feroarjende - digitale - mediawrâld. Hokker rol kin in Omrop spylje om fia dy nije wegen by te dragen oan it libben gebrûk en de befoardering fan de Fryske taal?

 

Dekker hat alle oanbefellingen fan ‘Hoekstra' yn de debatten fan juny en desimber 2014 op oantrún fan de Keamer oernommen! Mei de Wet Gebrûk Fryske Taal is boppedat eksplisyt wurden dat Ryk en Provinsje Fryslân in dielde soarchplicht hawwe foar it Frysk. En dus ek foar de Frysktalige programmearring fan Omrop Fryslân.

 

Soarchplicht betsjut yn gewoane-minske taal: der jild oan útjaan. It giet dêrby dan om in strukturele bydrage fan Ryk én Provinsje. Op oantrún fan de FNP binne der ek fragen steld oer de ferantwurdlikheid fan it Ryk foar de Omrop yn it Europeesk Parlemint. De soarchplicht fan de lidsteat Nederlân krijt no  ek yn Brussel omtinken.

 

De PvdA en VVD sille it wol dreech krije om't dat by har Haachske partijgenoaten foarinoar te krijen. It strykt net mei de al ynboekte besunigingen fan har eigen kabinet. Der sil dus wol jild by moatte, fan it Ryk mar ek fan ús provinsje, om de ympasse te trochbrekken. Ommers, de Omrop is ien fan de wichtichste pylders ûnder it taalbelied fan dizze provinsje én fan it Ryk. Dêr moatte de beide oerheden noed foar stean.

 

Corlienke de Jong,

fraksjefoarsitter FNP Steatefraksje

 

 

 

Dit opinystik is earder ferskynd as Te Gast yn de LC fan 26 septimber 2015

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer