NIJS   26-10-2015


Fragen FNP oer Omrop yn PS 28 oktober

Underhannelingsromte en Haachske machtsbalâns

De FNP stelt fragen yn de Steaten fan 28 oktober. Wat ferstiet deputearre Poepjes ûnder in 'selsstannige' Omrop ? 

 

 

Opinystik Corlienke de Jong.  

 

FNP noch net tefreden  

It keamerdebat oer it lanlike ramt foar in nij mediabestel hat west. Der is stimd oer moasjes foar de ‘regionalen' en Omrop Fryslân. Alle grutte partijen útsein de PVV stipen de moasjes en it wetsútstel.  De unanime moasje fan de Fryske Steaten - opsteld op de fraksjekeamer fan de FNP - is troch gâns partijen neamd. It Fryske boadskip is dus wol oerkaam.

 

Mei it keamerdebat  binne nije politike feiten ûntstien. Lit my daliks mar stelle dat wy as FNP net tefreden binne oer de Haachske gong fan saken en de útkomsten.  De Omrop bliuwt yn it nije bestel net bestjoerlik selsstannich as wy it no gewurde litte. Wér bepaalt de lanlike polityk foar de regio, wér wurdt in besuniging fan it kabinet trochdrukt t'en koste fan ús ynwenners. It hat bliken dien dat net de provinsjale partijen, net de deputearre en net de Omrop it spul bepale. De útkomst is ek fierhinne bepaald troch it besunigingsplan fan de  koepelorganisaasje ROOS sels. De regionale omroppen binne it sels iens wurden oer in besunigingsplan op basis fan lânsdielige klustering. Fansels hawwe de steatssekretaris en de partijen yn de Keamer hjir mar al te graach nei ferwiisd. It is útlein as stipe foar in nij bestel.

 

Haachske machtsbalâns

Wy moatte net de yllúzje hawwe dat wy troch lûd te roppen as FNP dit lanlike ramt tsjinhâlde koene.  Dat wie ek net it doel fan de Fryske aksjes. It doel wie op te kommen foar de posysje fan de Omrop, lit ús dat net ferjitte. Lanlike partijen slagge foar master op mei har lanlike belangen.  In nij lanlik mediabestel dus. Fansels spilet by de moasjes fan CDA en ChristenUnie  ek de wiffe Haachske machtsbalâns in rol. No't dy beide partijen foar it úteinlike wetsútstel stimd hawwe, leit in mearderheid foar it kabinet yn de Earste Keamer iepen.  Us pleit foar organisatoaryske (neist programmatyske) selsstannichheid foar de Omrop wurdt no ek stipe yn de Earste Keamer. Us senator Hindrik ten Hoeve hat dêr in moasje foar opsteld, mei stipe fan û.o. CDA, CU en SP.  Dy hinget no boppe de merk as drukmiddel by it mediadebat aanst de Senaat.

 

Underhannelingsromte

Wat is no de politike romte dy't wy hawwe ? Heal novimber stiet it earste wetjouwingsoerlis op de rol fan de Keamer oer it ferfolch, de aparte wet  foar it regionale omropbestel.  De earste moasje CDA-CU jout oan dat der in nij soarte programmaried per provinsje komme moat. Fierder  dat de eigen programmakanalen fan de regionale omrop, it ferplichte trochjaan op de kabel en it rjocht op eigen eterfrekwinsjes wetlik regele wurde moatte.  En hiel wichtich: op provinsjale basis. Sa moat de bining mei de regio boarge wurde. De twadde moasje jout oan dat ynhâldlik en finansjeel rjocht dien wurde moat oan Omrop Fryslân. Dy hat ommers in fanwegen de Fryske taal in bredere programmearring nedich as oare regionale omroppen.

It wetsútstel sels giet út fan ien nije Stichting RPO foar alle regionalen yn Hilversum. Dy moat de finânsjes mei it Ryk tenei ôfhannelje en hat de generale oanstjoering.  De Haachske partijen wolle dat sa. De romte sit him no yn de útwurking fan de nije wet  en yn de ûnderhannelingen mei Dekker. Yn it debat is dúdlik wurden dat de regionale redaksjes wol folslein selsstannich bliuwe. In fasilitêre gearwurking fan omroppen yn klusters sil foar de harkers en sjoggers gjin merkbere gefolgen hawwe, is tasein.

 

In eigen Omrop

Wêr wolle wy as FNP binnen dizze romte no op oanstjoere? Wy sitte allegeduerigen mei de deputearre om tafel. Wy kinne sa streekrjocht ynfloed útoefenje op har ynset foar it petear mei Sander Dekker en de Keamer. Wy wolle om te begjinnen dat de spesjale middels foar Omrop Fryslân earmerke wurde foar de  programmearring. Wetlik regelje allinnich is net genôch. It jild is bedoeld foar de bredere Frysktalige programmearring, net om de gatten fan nije organisaasjes te stopjen. Wy wolle net dat dit jild weilekt nei Hilversum of Grins. As twadde is it fan grut belang dat de ûnôfhinklike Fryske publike Omrop mei in eigen direksje, begrutting en Frysktalige redaksje, de studio en alle bedriuwichheid der om hinne yn Ljouwert bliuwt. It soe wol hiel frjemd wêze om yn it ramt fan de besuniging in hiele nije organisaasje, húsfêsting en studio yn Grins del te setten. Dêr is hielendal gjin jild foar, en it is ek net winske.  

In selsstannige Omrop yn Ljouwert is noch hieltyd mooglik. Dat moat dan al yn dy twadde aparte wet regele wurde. Wy wolle de Omrop net organisatoarysk ûnder it noardlike kluster hawwe. Dat jout de bêste garânsjes foar it Frysk en foar de bining mei de mienskip yn ús provinsje. Mei in aparte Omrop organisaasje binnen it nije mediabestel kin dat. Dy moat selsstannich besluten nimme kinne oer de Fryske programmearring  en hat wat ús oangiet in eigen begrutting.  Tink even oan spesifyk Fryske programma's lykas it Skûtsjesjoernaal of de PC . Dy kinne dan net skrast wurde om't Grins gjin jild hat of omdat alle kameralju by in evenemint yn Drinte steane.  Dy programma's moatte garandearre wurde troch it ekstra earmerke jild fan Ryk en Provinsje. Ofspraken oer Frysk jild en foech moatte yn de wet, de Bestjoersôfspraak en in regionaal statút binnen de RPO fêstlein wurde.

 

Foarútbuorkje mei it Frysk

Wy wolle dat de Provinsje, it ministearje fan OCW (mediawet) en it ministearje fan Ynlânske Saken ( Europeesk Hânfêst,  Bestjoersôfspraken Frysk ) elk in ekstra bydrage op it kleed lizze. Dan kinne wy de útklaaide Omrop ynhâldlik wer oanklaaie. It úteinlike doel is ommers foar it Fryske publyk in brede en alsidige programmearring del te setten. De fraksje wol dêrby net útgean fan de status quo mar foarútbuorkje. Fia ynternet en nije digitale Frysktalige temakanalen wolle wy nije groepen berikke. Soks freget ynvestearring fan ekstra jild. Dat is nedich om genôch hark- en sjochpublyk foar de Omrop werom te winnen, in basis te lizzen foar eigen Fryske reklame-ynkomsten en úteinlik om stappen foarút te setten foar it Frysk as libbene taal yn it maatskiplike domein fan de media.

 

Corlienke de Jong, fraksjefoarsitter FNP yn de Fryske Steaten



Downloads:
Fragen omrop ps 28 okt 2015


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer