NIJS   28-11-2012


FNP op wurkbesite by regearingspartij SSW yn Sleeswyk-Holstein

Petear mei minister oer kultureel ferdrach

 Sybren 2011 lyts  

De FNP ûnderhâldt yn Europeesk ferbân yntinsyf kontakt mei oare regionale partijen. Sa ek mei de oare Fryslannen. Yn it ramt dêrfan is der op 29 en 30 novimber in wurkbesite oan de susterpartij SSW yn Flensburg fan FNP Steatefraksje, deputearre Johannes Kramer en partijbestjoer. De SSW wie yn 2008 op it Provinsjehûs yn Ljouwert.

  

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europeeske saken

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

 

 

De SSW fertsjintwurdiget de Deenske en Fryske minderheid yn it dielsteatparlemint, Kreisen en gemeenten fan Sleeswyk-Holstein. Sûnt koart sit de partij mei de SPD en Grünen yn de regearingskoalysje. De FNP sit op in fergelykbere posysje yn de Fryske koalysje. Underdiel fan de besite is in moeting fan de Fryske deputearre Johannes Kramer mei de SSW-minister Anke Spoorendonk. Hja hat Kultuer, Europa en Justysje yn portefúlje.

 

Tema's fan it politike oerlis tusken SSW en FNP binne it Kultureel Ferdrach dat beide partijen graach tusken de trije Fryslannen slute wolle, de Europeeske gearwurking fan de regio's oan de Noardseekust, de seediken, it Waadlânskip, de trilaterale Waadakademy, de guozzen en de Europeeske Interreg-projekten. Fierder is de FNP te gast by ferskate ynstânsjes lykas de Gemeinsamen Rat der Südschleswigschen Organisationen, Dänische Zentralbibliotek, de  Friesenrat, de Friisk Foriining fan de Noard-Friezen en it Nordfriisk Instituut.

 



Downloads:
Programm besuch FNP-ssw 29-30 nov 2012
Westfriese regeringspartij op bezoek bij ssw


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer