NIJS   15-04-2013


Bestjoer Fryslân moat bliuwe

Resolúsje FNP oannommen troch 32 politike partijen yn Europa

 Sybren 2011 lyts  

Meran - Op 12 april hawwe 32 politike partijen út hiel Europa wei in resolúsje fan de FNP oannommen dat Fryslân as bestjoerlike ienheid bliuwe moat. De Twadde en Earste Keamer wurde oproppen om it belied fan minister Plasterk (PvdA) oangeande Fryslân te fersmiten.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europeeske saken

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

 

 

Yn dyselde resolúsje pleitsje de partijen dat Fryslân oer har eigen fermogen fan € 1,2 miljard en de opbringsten dêrfan beskikke moatte kin en dat de regio sels beslute kin oer syn eigen ynkomsten en útjeften. De Europarlemintspartij EFA en 32 politike partijen út hiel Europa wize mei de FNP it Nederlânske regear op har ferantwurdlikheid oangeande de bysûndere posysje fan Fryslân. Ek de Twadde en Earste Keamer wurde oproppen om it belied fan minister Plasterk (PvdA) oangeande Fryslân te fersmiten. Fierder hawwe jonge minsken út hiel Europa ynstimd mei in moasje fan de FNP jongerein tsjin it ynstellen fan in minimumgrins fan 100 learlingen foar it basisûnderwiis yn Nederlân.

 

Dat binne in oantal útkomsten fan it saneamde EFA-kongres dat dit jier fan 11 oant 14 april yn Meran (Súd Tirol) holden wurdt. In delegaasje fan 5 minsken fan de FNP is dêr oanwêzich om in oantal saken foar Fryslân te beskreppen.

De FNP is bliid mei de stipe út Europa. Bijlsma en Posthumus fan de FNP: "Yn in tiid dat in soad minsken har bewust wurde dat wy yn de maatskippij trochslein binne mei skaalfergrutting en bonussen foar managers fan hiel grutte ynstellings, slacht it Nederlânske kabinet troch op de ferkearde wei. Technokratyske maatregels losse neat op. It is no tiid foar de oanpak fan wurkleazens yn Fryslân en net foar belied dêr't hast alle  ynwenners op tsjin binne".

 

De FNP hat op it kongres fierder ynstimd mei moasjes tsjin fracking (boarjen nei skalygas), it rjocht op selsbeskikking fan folken yn Europa  en it ôfskaffen fan ûndemokratyske kiesdrompels. Ta beslút is Douwe Bijlsma keazen as opfolger fan Sybren Posthumus yn it bestjoer fan de EFA. Sa wurde de Fryske belangen op Europeesk nivo ek de kommende jierren goed boarge troch de FNP. Posthumus is nei 6 jier bestjoerslidmaatskip troch de Algemiene Ledegearkomste fan de EFA beneamd ta earelid. 

 

De EFA (http://www.e-f-a.org/) is mei 7 Europarlemintariërs fertsjintwurdige yn it Europeesk parlemint. Totaal hat de partij 32 lidorganisaasjes út 16 EU-lidsteaten, mei yn totaal sa'n 3.000 folksfertsjintwurdigers op EU, steats- regionaal- en lokaal nivo. De FNP is ien fan de grûnlizzers en leden fan de EFA en hat al sûnt de oprjochting in bestjoerslid yn de EFA.  De lêste jierren wienen de konferinsjes yn Bilbao (2007), Mallorca (2008), Barselona (2009), Fenetië (2010), de Aland eilannen (2011) en Ljouwert (2012). Dit jier dus yn Súd Tirol. 



Downloads:
Resolusje FNP EFAkongres takomst Fryslân
Resolusje FNPj EFAkongres ûnderwiis


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer