NIJS   19-06-2013


Unanime stipe Europeesk Parlemint foar rapport bedrige talen

Taalferskaat krijt mear polityk gewicht yn EU

 Annigje Toering 2012 05  

In rapport oer bedrige talen yn Europa krige juster unanime stipe yn de Kommisje foar Kultuer fan it Europeesk Parlemint. Neffens de FNP is dit in wichtich momint, om't der no politike druk yn de Europeeske Uny komt. De Europeeske Kommisje die oant no ta te min foar de lytse talen en liet it fêststellen fan hânfêsten en ferdraggen op dit mêd oer oan de yndividuele lidsteaten en de Ried fan Europa.

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Taal, Kultuer en Underwiis

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

It parlemintslid Francois Alfonsi fan de EFA-fraksje makket mei it rapport beswier tsjin de jierrenlange besunigingen op de befoardering fan it taalferskaat yn de Europeeske Uny. Dat is yn tsjinspraak mei it ambisjeuze belied fan de EU om sunich om te gean mei talen en kultueren as wêzentlik ûnderdiel fan de Europeeske identiteit.

 

It EFA-parlemintslid seit dat Europa earst mar ris foar syn eigen minderheden opkomme moat as men mei gesach it fingerke opstekke wol nei oare lannen. Stipe fan de EU is benammen fan belang foar de minderheden yn Frankryk, om't it regear dêr oant no ta wegere hat om it Europeesk Hânfêst foar de Lytse en Regionale Talen te ûndertekenjen. Mar ek foar Fryslân kin de stipe fan belang wêze, om't Nederlân kear op kear de ôfspraken foar de beskerming en befoardering fan it Frysk net neikomt. De FNP is dêrom bliid dat de EFA, dêr't ek de FNP by oansluten is, mei dit rapport kommen is. 

 

Yn septimber sil it einrapport yn stimming komme yn de plenêre sitting fan it Europeesk Parlemint.

 

 

Mear ynformaasje op de EFA-Facebook side: https://www.facebook.com/pages/EUROPEAN-FREE-ALLIANCE/46708306425

 

En op de side fan EFA-MEP Alfonsi: http://www.francois-alfonsi.eu/Soutien-unanime-pour-le-rapport-de-Francois-Alfonsi-sur-les-langues-en-danger_a257.html

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer