NIJS   01-10-2013


Europastrategy Fryslân mear op takomst rjochtsje

Alternativen sykje foar delgong tradisjonele subsydzjes

 Sybren 2011 lyts  

De FNP freget it Kolleezje fan Deputearre Steaten yn de Kommisje Boarger en Mienskip fan 2 oktober om in Europastrategy dy't mear op de takomst rjochte is. Oanlieding is de delgong fan ‘tradisjonele' Europeeske stipe foar regionale ûntwikkeling en lânbou. Neffens de partij makket Fryslân te min gebrûk fan alternative subsydzjes út ‘nije' Europeeske programma's lykas ICT of ynnovaasje.

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europa

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

  

Europawurdfierder Sybren Posthumus fan de FNP wiist op it nije beliedsplan ‘Europa 2020' fan de Europeeske Uny. ‘No't dy feroaring in feit is, fergje wy it Kolleezje op in Plan B. Wy krije út Brussel sinjalen dat Fryslân nei ferhâlding te min gebrûk makket fan ‘nije' Europeeske programma's dy't foar de takomst fan belang binne.' De Europeeske Kommisje hat yn syn plan ‘Europa 2020' tsientallen programma's dêr't jo gebrûk fan meitsje kinne. Lykas de Breedbân/ICT strategy fan Eurocommissaris Kroes. ‘Fryslân is ryklik let begûn om dizze nije fûnsen oan te boarjen.'

De FNP wol alle sifers op in rychje sadat de Steaten beoardielje kinne yn hoefiere der reële alternativen binne. Alles wat mei de duorsume en ynklusive groeistrategy fan de EU te meitsjen hat freget in oare ynstek. In strategy dy't net rjochte is op behâld fan saken út it ferline mar rjochte op ynvestearring foar de takomst.  De FNP wol in ynnovative kompetitive ekonomy en mienskip sadat Fryslân de takomst yn Europa en de wrâld treast bliuwt.

Dêrneist freget de FNP moarn hoe't it komt mei de besteande EFRO-subsydzjes. Yn in reportaazje fan Omrop Fryslân oer de lobby yn Den Haach en yn SNN-stikken stiet dat dy subsydzjes foar ús regio mar leafst € 15 miljoen minder wurde de kommende jierren. Dat omdat it Ryk in oare ferdieling fan de jilden oer Nederlân wol, sadat Fryslân, Grinslân en Drinte net 45% fan it bedrach krije, mar mar 10%. In efterútgong fan leafst 78%!  



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer