NIJS   14-02-2014


Europeeske stipe foar Omrop Fryslân

Resolúsje FNP nei Europeesk Parlemint

Sybren 2011 lyts

 

 

Santiago de Compostella (Galisië) - Fan ‘e middei hat de Algemiene Gearkomste fan de EFA unanym ynstimd mei in resolúsje fan de FNP om de takomst fan Omrop Fryslân feilich te stellen.

De Europarlemintariërs fan de EFA sille har no yn it Europeesk parlemint ynspanne om in selsstannige Omrop te garandearjen mei foldwaande finansiering en folsleine en alsidige programmearring.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europa

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

De resolúsje fan de FNP oer de Omrop is mei help fan saakkundige ynternasjonale juristen opsteld. Fierder binne in tal moasjes en resolúsjes oannommen dy't de FNP mei yntsjinne hie: in Europeeske kommissaris foar minderheden, mear wurkgelegenheid en foar mear sizzenskip fan de regio's yn de EU. De aktuele resolúsje fan FNP en oare partijen oer de delfstoffewinning is mei grutte mearderheid oannommen. Dizze resolúsje pleitet foar sizzenskip fan de regio's oer de mynbousaken. 

 

Omrop Fryslan top100 
 

De FNP hat fan herte ynstimd mei it definitive ferkiezingsprogram foar de Europeeske ferkiezings yn maaie. De EFA sil fan 2014 oant en mei 2019 wurkje foar rjochtfeardigens, solidariteit, in duorsum Europa, mear foech foar de regio's, demokrasy en minskerjochten. Fierwei it grutste part fan de partijen is akkoart gongen mei it programma.

 

De Europarlemintspartij EFA (European Free Alliance, http://www.e-f-a.org/) is in partij dy't mei 7 minsken yn it Europeesk parlemint sit. De EFA is mei de Greens (EFA/Greens) de 4e partij yn it Europeesk parlemint. De FNP is mei 40 oare partijen út hiel Europa oansletten by de EFA en leveret al mear as 30 jier in bestjoerslid. De lidorganisaasjes komme út 17 lidsteaten fan de EU. Op it EFA-kongres yn Galisië wienen sawat 180 minsken oanwêzich, wêrûnder sa'n 35 jongereinfertsjintwurdigers. 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer