NIJS   27-03-2014


EFA yn aksje foar Omrop Fryslân

Inisjatyf frege fan Europarlemint, Eurokommissaris en premier Rutte

 Sybren Posthumus 2014 MGM 2803 lyts  

De European Free Alliance (EFA), de Europarlemintspartij dêr't de FNP by oansluten is, is mei konkrete aksjes oan it wurk foar de takomst fan Omrop Fryslân. 

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europa

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Sa binne de foarsitter fan it Europeesk parlemint (Martin Schulz), de Europeesk kommissaris frou Vassiliou (Media en meartaligens) en premier Rutte as premier en einferantwurdlike foar it Nederlânsk regearingsbelied oanskreaun. Yn de brieven fan de EFA wurdt oantrune op it nimmen fan ferantwurdlikens troch de EU en it Nederlânske regear en te hanneljen op basis fan it belied fan de EU dat him rjochtet op in plurifoarm mediabestel en befoardering fan meartaligens. Dêrneist is noch in brief nei it Nederlânsk regear tastjoerd en hawwe Deputearre Steaten fan Fryslân ek in ôfskrift krigen fan de resolúsje fan de EFA. 

 

Mei de aksjes wolle de EFA en de FNP dat Omrop Fryslân as selsstannige en ûnôfhinklike stjoerder foar Fryslân bestean bliuwt en dat der yn de takomst foldwaande budzjet is foar in alsidige en folsleine programmearring. De brieven oan de ferskate beliedsmakkers binne noch altyd aktueel, om't steatssiktaris Dekker (VVD) de regionale omroppen opgean litte wol yn in sintraal bestel. Nettsjinsteande moasjes fan Provinsjale Steaten fan Fryslân en fan de Twadde Keamer hat Dekker dêrby gjin útsûnderingsposysje foar Omrop Fryslân neamd. 

 

De FNP hat de resolúsje, dy't yn de ledegearkomst (GA) fan de EFA unanym oannommen is, opsteld yn gearwurking mei in saakkundich ynternasjonaal jurist. De FNP is der dêrom wis fan dat de EU en Nederlân net samar om it eigen fêststelde EU-belied hinne kinne om it taalferskaat te beskermjen, regionale talen te befoarderjen en plurifoarmiteit yn de media te stimulearjen.  



Downloads:
Brief oan eurokommissaris vassiliou
Brief oan nl premier mark rutte
Brief oan foarsitter europarlemint martin schulz


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer