NIJS   13-11-2015


Helikopters ambulânsesoarch faak te let

Helikopters en bussen fan de ambulânsesoarch kinne yn in part fan Fryslân net binnen de noarm fan 30 minuten te plak komme. It giet om de westlike strook fan Fryslân en de trije westlike waadeilannen.



"Dokkum (Sionsberg) as stânplak foar de spoedhelikopter" (Corlienke de Jong oer helikopters ambulânsesoarch)

Foto's: Hiverminer.com

 

FNP wurdfierder Corlienke de Jong wol witte oft deputearre Schrier op de hichte is fan de net winsklike situaasje mei de lange oanfleantiden fan it MMT. ‘Soks kin by situaasjes fan libben en dea it ferskil meitsje. Minsken mei in beroerte kinne der slimme restferskynsels oan oerhâlde as de spoedhelikopter net gau genôch te plak is.'

 

De Jong wol de miening fan it Kolleezje fan DS hearre. ‘Hokker aksje ûndernimt it Kolleezje, no't bliken docht dat de ynset fan it MMT jierliks tanimt, benammen yn de nacht en by it ferfier fan bern?' De wurdfierder wol fierder witte wat der feroare is sûnt it pasjinteferfier fan en nei de Waadeilannen troch de Fryske RAV (Regionale Ambulance Voorziening) oernommen is fan Definsje. ‘Soe it foar de oplossing fan de problemen mei de 30 minuten-noarm ek in opsje wêze om yn Dokkum by de Sionsberg in stânplak foar de spoedhelikopter te realisearjen?', sa freget De Jong.

 

Fragen & antwurden

De FNP-fragen oer it MMT

Antwurden fan DS



Tags: Soarch yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer