NIJS   16-05-2014


FNP: eigen kiesdistrikt Fryslân foar Europeeske ferkiezings

Gjin Fryske kandidaat op ferkiesber plak

Sybren Posthumus 2014 MGM 2803 lyts     

 

De FNP wol dat Fryslân in eigen kiesdistrikt wurdt by de Europeeske ferkiezings. Ta dat stânpunt komt de partij nei in analyze fan de ferkiezingslisten fan partijen dy't nije wike meidogge oan de EU-ferkiezings.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europa

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl 

 

It docht op ‘e nij bliken dat dêr gjin inkelde ynwenner fan Fryslân op in ferkiesber plak stiet.  Op de earste 20 plakken fan de grutte partijen steane mar leafst 17 (!) minsken út de Rânested.  Dat moat oars. Mei in garandearre sit út Fryslân kinne de partijen dy't meidogge dêr net mear omhinne. 

 

De partij is ferbjustere dat it der op ‘e nij op liket dat de kommende 5 jier (2014-2019) gjin inkelde ynwenner fan Fryslân yn it Europeesk parlemint plaknimme kin. Sa snije de belangen fan ús regio ûnder yn Brussel, sa is de FNP fan betinken. Oare ferlykbere of sels lytsere regio's yn Europa hawwe wol in garandearre sit, lykas Wales (3 sitten), de Aland eilannen (mar 27.000 ynwenners), Dútstalich België (95.000 ynwenners) en Súd Tirol (530.000). As dat yn oare regio's yn Europa al kin, kin dat fansels ek foar Fryslân!

 

De FNP is yn prinsipe foarstanner fan it systeem fan Europeeske kieslisten, mar dat is no noch fier fuort en de reewilligens ûntbrekt yn it Europeesk parlemint foar sa'n systeem. Mei sa'n ‘transnasjonaal' kiessysteem binne der echte Europeeske ferkiezings oer de grinzen hinne. En kin in ynwenner fan Berltsum op immen stimme út Barselona. Dan meitsje ek regio's lykas Fryslân mear kâns op in behertigjen fan har belangen yn ‘Brussel' om't dan mear Europarlemintariërs út de regio's lykas Fryslân komme.

 

Lykwols om't gjin sicht is op realisaasje fan dat stribjen, wol de FNP by de folgjende ferkiezings dat Fryslân in eigen sit krijt. Mei 4% fan de befolking fan Nederlân en 26 sitten foar Nederlân hat Fryslân ek rjocht op ien sit. In fêste en garandearre fertsjintwurdiger út Fryslân sil him by ferkiezings en by it wurk yn it Europeesk parlemint grif mear bekroadzje om Fryske belangen as de Haachske partijen no.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer