NIJS   26-05-2014


FNP tige ynnommen mei EFA-súkses Europeeske ferkiezings

Regionale partijen fan 7 nei 12 sitten yn EP

Sybren Posthumus 2014 MGM 2803 lyts     

 

Ljouwert - de FNP is geweldich optein mei it grutte súkses fan de EFA, de Europarlemintspartij dêr't de FNP by oansluten is, by de Europeeske ferkiezings. De EFA is fan 7 nei 12 sitten gongen.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europa

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl 

 

Mei de Greens hat de EFA syn posysje yn it Europeesk parlemint fersterke en is mei 55 sitten totaal de fjirde partij. Tolve sitten betsjut mear ynfloed fan Fryslân yn Europa, om't de FNP streekrjocht kontakt hat mei de EFA sûnder tuskenkomst fan ‘Den Haach'.

 

De EFA hat sitten krigen yn Skotlân (SNP, 2), Wales (Plaid Cymru, 1), Flaanderen (N-VA, 4), Kataloanje (ERC, 2), Aragon/Spanje (Primavera Europea, 1) Letlân (1) en Baskelân (EH, 1). Yn Skotlân en Flaanderen/België binne EFA-partijen (respektivelik de SNP en de N-VA) de grutste partijen.

 

Neffens Sybren Posthumus, wurdfierder foar de FNP, betsjut de winst fan de EFA dat ‘de minsken wolle dat it bestjoer tichter by de boarger komt. De EFA-partijen binne posityf oer Europa, mar kritysk oer de lidsteaten dy't noch altyd de tsjinst útmeitsje yn Brussel. It wurdt tiid foar feroaring en mear demokrasy en dat bewize dizze ferkiezings'. 

 

De FNP is mei 40 oare partijen út hiel Europa oansletten by de EFA (www.e-f-a.org) en leveret al mear as 30 jier in bestjoerslid. De lidorganisaasjes komme út 17 lidsteaten fan de EU.

 

Yn it (resinte) ferline hat de FNP ûnder oare mei súkses skrept foar in eigen takomst foar de provinsje Fryslân, foar de finansiering en it fuortbestean fan Omrop Fryslân en Tryater en foar sizzenskip oer mynbousaken en romtlike oardering (lokaasjekar fan wynmoles).  



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer