NIJS   18-09-2014


Fryslân hat ferlet fan in referindum

Fryslân hat ferlet fan in referindum, net oer selsstandichheid, mar oer desintralisaasje.

Scottish flag 2109121b

Wat de útslach fan it Referindum yn Skotlân ek wurdt kommende wike, de Skotten hawwe al wûn. Sels as se nee stimme, dan krije se der sa folle foech en sizzenskip op ta, dat se folle fierder binne as dêr't se yn 1997 mei it werombringen fan it Skotse parlemint fan doarden te dreamen.

 

Om it folsleine artikel te lêzen klik hjir.

 

Fryslân is gjin Skotlân. Foar in Referindum oer in ûnôfhinklik Fryslân is gjin inkelde oanlieding. Boppedat, ûnôfhinklikens sit net sasear yn in eigen steat, mar mear yn de eigen holle en mooglikheden. Safolle as mooglik stjoer op jo eigen takomst en mei inoar gearwurkje, fan ûnderen op. Fier oer jo eigen grinzen hinne sjen.

 

.....................

 

Wy wolle ek desintralisearje, mar dan op in earlike wize. Dat betsjut in desintralisaasje mei foech en middels. In echte desintralisaasje. Wêrom meie jo wol stimme foar de leden fan in gemeenteried of provinsjale steaten, mar net bygelyks op de minsken dy't  yn de rieden sitte fan it bestjoer fan sikehuzen en wenningkorporaasjes? Wy betelje dochs mei syn allen mei oan dy wolfeartssteat en de soarch? Wêrom kinne wy dêr dan net mear en streekrjocht ynfloed oer krije? Wedzje, dat it ek noch folle goedkeaper wurdt?

Dêrom soene wy hjir yn Fryslân ek in Referindum hâlde moatte, lykas de Skotten, net oer ûnôfhinklikheid, mar oer de desintralisaasje en hokker kant  it mei ús wolfeartssteat op gean moat.

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter

Sybren Posthumus, wurdfierder Europa.

 

Dit artikel is earder publisearre yn LC fan 18 septimber fan 2014.



Downloads:
20140915 referindum oer desintralisaasje.pdf


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer