NIJS   09-10-2014


Trainee socht foar EFA-buro Brussel

Reagearje foar 15 oktober

 Olrik Bouma by Atomium Brussel  

Trainee op it EFA-buro yn Brussel

 

De EFA is de Europarlemintspartij fan regionale partijen yn de EU dêr't de FNP ek by oansluten is.

It Partijburo siket in staazjerinner (folsleine wurkwike) foar de perioade mids desimber 2014 oant mids maaie 2015.  Stânplak is Brussel. Do bist ôfstudearre WO / HBO, hast belangstelling foar polityk, Europa en affiniteit mei regionale partijen en de kearnaktiviteiten fan de EFA. De klam yn it wurk leit op it stypjen fan de EFA-stêfmeiwurkers, it dwaan fan ûndersyk, rapportearjen, organisaasje fan politike eveneminten en oare relevante wurksumheden. Goede kommunikative feardichheden en goede behearsking fan teminsten Ingelsk en/of Frânsk as EU-wurktaal binne fereaske.

 

Reaksjes foar 15 oktober 2014

Olrik Bouma, earder ek EFA-trainee,

tsjintwurdich Sekretaris-Generaal EFAy

   

 

 

De EFA freget in oanbefellingsbrief fan de eigen partij.

FNP kandidaten kinne dêrta it bêste earst kontakt opnimme mei

Sybren Posthumus, wurdfierder Europa foar de FNP.

 

Klik hjir nei de folsleine advertinsjetekst.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer